It oere is der wer by en it is april: de foarste bûtenkompetysje yn keatslân giet dan los. Yn it Stedspark fan Grins wol te ferstean. Om 18.30 oere komme de mannen en froulju fan Bernlef yn de krite en besykje hja wer om te Keatsen mei Wille En Aksje.
Op it drassige fjild, wat krekt in kwelder like, lei der op it sicht min by. De linen waarden lein en 8 spilers bûkelden der aardich yn om. Ik ek. It wie lang net foutleas. Mar wat wolst oars? De ljisken kapot skuorre op 'e stuit? Yn de drek om rôlje, wylst in pripper jaan silst?
'Wat balje' wie it motto. En wylst der earst, ja echt wier, noch softballen oer it fljild fleinen, waard der op twa perken keatst. Jorrit Rodenhuis en ik. Tsjin Thaeke en Germ. 5-5 6-6. Mei mjitterij. Mei boppe- en kweaslagen. En mei 7 punten. It seizoen is starten.No de maaitiid noch.
p.s. De loftbalonnen, de showband en de fuotbalrekreanten wiene noch te begongen. De dravers en de fuotballers fan de Vogels al.
Reacties
Een reactie posten