Ôfskie: In bledside omslaan

Yn de lêste azem fan in grut fuotbaltoernoai neist de doar, bin ik op ferskate plakken ek dielgenoat fan ôfskie west. En ôfskie stie eins best wol sintraal de ôfrûne dagen.



Nei fjouwer jier hinne-en-wer riden fan Deinum nei Dronten is ús mem slagge foar har HBO diploma, sy mei no ek offisjeel les jaan op it middelbier ûnderwiis. En der foar hulde! Se mei sels noch in yngenieurs titel foar de namme sette. Nei in itensmiel, mei pake yn Snits, setten wy ôf rjochting polder en om dizze reden dus foar it lêtst.


Foar in hast fyftich jierrige bleek it (ek) muoisem te begripen te wêzen dat it slagjen op it HBO gelyk stiet oan it spyljen fan in spultsje: Do moast de spulrigels kinne om dy rêde te kinnen.
Slalomme tusken eigenwize en faak ûnrjochtfeardich omheechfallen dosintefolk.
Hoe kut it faak ek giet, en dus hoe grutter de learmominten; soks ôfslúte is in triomf, in sucht fan opluchting nei in drege perioade. Wrokje leit foar de hân, wizer is om te sjen as it omslaan fan in bledside sûnder te ferjitten wêr't it goed foar west hat.

Freed naam ik ôfskie fan De Vriendschapskring. Doe't ik nei t gebou oan de Parkweg fytste, besefte ik my dit hiel goed. Mar al rap tidens it iten sieden, it rissen en dissen, wy dizze slotjûn ien as folle oaren. De bekinde gesichten, de foarspelde kreten fan de meast oanwêzige dielnimmers. De perioade fan trije jier Autisten hâldt no foar my op. Dochs frjemd, dat it momint my noch rekke. Frjemd, omdat ik it der by die en fral de lêste moannen net altyd oanwêzich wie, y.f.m. wurk.
It gie der om, tink ik no, dat in perioade ôfslúten wurdt. Mei in praatsje, in kado (It boek: Het voorval met de hond in de nacht), hannen en túten: Dit komt nea wer werom.
Just troch net altyd mar troch te gean, yn sleur te ferfallen, mar troch sa no en dan bledsiden om te slaan kom ik der efter wat weardefol is.
It ferlies, it einde: bringt dát wat moai en goed west hat nei foaren.
Ik learde: autisten binne net frjemd, mar bysûnder.
Hie ik trije jier lyn ea tinke kinnen dat ik dit dwaan soe?

Reacties