Al fanôf 1925 mienden guon Friezen yn Grins wat dwaan te moatten 'mei it Frysk'. Wie it yn de earste desinnia fral prate, skriuwe en by in oar opsitte yn louche kafees, doe't der nei lange tiid (en in soad hin en wer gewraksel tuseken dizze stive Fersetsfriezen) in eigen plak kaam feroare úteinlik in soad. Mei dit pân krige de Fryske Feriening foar Jongerein Bernlef in in (t) hús.
En boppedat in sterkere gearhing, dat dranklokaal oan de Tuinstraat is in soarte fan doarpshús, dat past by in doarpsmienskip. Yn Grins. Yn it hol fan de liuw, siz mar.
It is in izersterk konsept. It is in grap. Mar wol in goeie, en jin moatte dat ek net allegearre te serieusk nimme.
![](http://photos1.blogger.com/blogger/6701/2275/320/JLUU20060819-1351-EOS-1D_Mark_II.jpg)
Sa ek op de KEI sneon, doe't wy tusken DJ's en in protte desibellen, yn parade én Fryske útdossing mei in blaaskapel in soarte fan Âlvestêdesfear del setten. In grutter kontrast kin hast net, mei as gefolch: ferskate gniiskjende stadjers oan de kant. En dochs mar it folksliet ynsette op de Grutte Merke. Nee, wy doge net.
![](http://photos1.blogger.com/blogger/6701/2275/320/JLUU20060819-1356-EOS-1D_Mark_II.jpg)
Reacties
Een reactie posten