Útbrakke mei langspielplaten

Justerjûn, hiel ûnferwacht, mar toch tige wolkom bin ik yn Ljouwert op stap west. Mei Rigje en Martha. Samar dus.

Nei in kroegentocht fan sa’n fiif dranklokalen (Scooters, Mamaloe, Doelebar, Mukkes en de Toeter) wie de konklúzje, der binne anno 2007 noch te folle nije* Ljouwerter kroegen oer, dy’t besocht wurde moatte. En wat in heech gehalte progestron yn Mamaloe.

Wylst de froulju alkoholleas troch de stêd strúnden: ik dronk wol. Fandêr in útbrakdei hjoed. En litte de €0,50 LP’s dy’t sa no en dan oanskaft wurde by in kringloopwinkel, it jild dûbel en dwers wurdich wêze! LP’s lústerje is de sensaasje fan de nuddel!!

In greep útt de ynmiddels griis draaide seleksje:


En wêr’t ik yn it nûmer You Don’t Owe Me fan The Blue Monkeys, André Hazes ynspiraasje hear fan syn ‘Zeg maar niets meer’.

Hoppa! Ik set George B. noch ris op.

* Nij, omdat wy Grinzers fansels net hoegden oer te stekken om op stap te gean en dat de konfrontaasje nei in pauze fan euuhhhhh 5 jier, dizze konklúje opsmyt.

Reacties