"Ik mei graach ferkenne", sei pake doe’t wy him trappearren op de fyts ûnder Snits. Wy kamen krekt by it festival ‘Heechspanning’ wei. Hy wie dus oan it ‘ferkennen’. En dat hiene wy ek dien: in delegaasje fan de Heeringa-clan hie wer in nije bestimming betocht.
No stiet dizze dei yn Fryslân bol fan aktiviteiten dus jin kinne net alles. En by dit feest yn Heech hiene wy noch net west, al waard it strjittefestival op Himelfeartsdei al wer foar de 15e kear hâlden.
Sûnder in foarstelling te hawwen, strânden wy oan it begjin fan de middei wat troch it wettersportdoarpke.
Al hie ik hope op it mega duo ‘Dieuwke en Wytske’. Neidat wy tsjin de ‘looproute’ yn rxfbn wiene (foardat xfas mem senuweftich wurdt sis ik mar dat kreative minsken altxfdd tsjin de stream yn roeie), setten wy xfas del op in terras efter de lxfbkpleister foar alles wat jong is en faart: Dicotheek ‘Âld Wâl’.
Hjirre begrepen wy werom it festival fergees is, it bier kostet nammentlik €2,-. Mar op it terras sitst dan ek earste rang: Op it ponton foar de Wal, wurdt songen. En om it heal oere in oare artyst. Mei oare wurden: Ast de hiele middei wat troch drinkst, krijst eltsenien by dy lâns.
It festival rint fral oer fan muzyknoaten. Heechspanning mei dan ien fan Fryslâns grutste kultuerúttspattingen op strjitte wêze (Nei Oerol en de Ljouwerter ferzje fansels), it is fral muzyk. útsein in ferdwaalde one-man/ frou – artyst. Dy it wol aardich dogge. In heal neaken persoan yn in tobbe, dûnset mei syn gesichtútdrukkings op de muzyk. Der bliuwe dan ek in soad minsken nei sjen.
Ûndertusken op it terras hiene wy in al in ploech koperblazers (Heit tefrede stelle) hân en kaam it duo Snijders/ Van Veenen op. Twastimmich, mei gitaar. Lis der in iepen pet foar, en wa wit ferstjinje de mannen wat. In healoere letter komme in ploech froulju op de boat mei de namme ‘Frou Folk’. Jawis: Sy spylje Folk muzyk.
"It sil fêst in lokaal ploechje wêze, dy’t hjirre in poadium krijt" tink ik. It is nei myn miening sels te min foar restaurant muzyk.
Dernei ferskine in ploech hearen (Wer fan ik in bandlid fan Bombarje herkin en in doarpsgenoat) mei wat gitaren en in banjo. "Dat is zo met een Banjo, altijd moet je stemmen. Of gewoon vals door spelen"
En sy spylje dan wol er aardige, xfbnbekinde, muzyk.
At dan Maartje en Rigje (Jaaa, it binne allegear bekinden!) lânskomme, komt ek publykslxfbker Jelle B. De Jochem Myer mei gitaar, sa as de ADHD-er him sels neamt, sjongt ferskes op fersyk.
Neffens in programboekje, hat der yn de winter tidens it biljertfeest fan ‘Altyd Toarst’ te Heech syn plak op Heechspanning ferstjinne. Letter op ‘e middei ferpleatse wy. It is wat triuwen troch de sa’n 7000 minsken. Mar op in sneontemiddei troch de HEMA rinne, is erger.
Nei noch mear bekenden, mear sinne en noch in ferdwaalde poadiumakt, setten wy ôf. Nei it immer brûzjende sipeldoarp.

Reacties
Een reactie posten