Brommer kontrôle

Pas let yn maaie krije de measte boskjes en strúken blêd. Pas dán krigen wy as fytsers wat beskerming fan de strúken lâns it rjochte en lange fytspaad tusken Dronryp en Frjentsjer. Der stiet altyd wyn yn Noardwest-Fryslân


It grutste part fan it jier is it der keal. Troch de ranke takken hinne sjochst de bougrûn. Omploege yn lange rijen. Sa no en dan stiet der in pleats. Nee, de ferdivedaasje moat fan wat oars komme. Fan kloften fytsers dy’t ek nei de middelbiere skoalle yn Frjentsjer moasten. By krúspunten stiene dan gauris in tsiental lotgenoaten te wachtsjen.

Hja sletten oan by Menaam as healwei Sweins. De kilometers moasten troch harren dan noch makke wurde. Wy, út Deinum, hiene dan al in rit makke oer it selde lange paad lâns de sneldyk, fan Marsum nei Dronryp. Letter giene wy by it Van Harinxmakanaal lâs. Ek gjin beskutting, wol hurde wyn.
Bist in earsteklasser? Dan moast foarfytse. Wynfange. En der wurdt op dy wachte by in splitsing. Foarfytse blinder! De kultuer fan brêgesmurf sjocht der op de fyts sa út.



Letter draaie de rollen om. En eins is dat wol earlik: elts ûndergiet it. De tocht is foar elts like lang en yn de hjerst like smoarch at de bouboer in soad modder efter lit op it fytspaad. Soms komt der in trekker mei in oplader del, wêrsto dy oan fêt hâlde kinst. De wettertoer fan de Fryske stêd komt dan samar rap tichterby.

Mar, at guon 16 jier wurde (en guon by de leeftyd fan 15 jier al) dan glippe der fytsers tusken út. Se nimme in brommer. Dat skeelt dan 20 minuten langer útsliepen. It skeelt ek jild, der moat peut yn en it skeelt sosjale kontakten. Want brommerriders binne opiens einzelgängers.

HGGGGGGGGGGNNNNNNNNNNN.

De brommer stowt foarby, wylst de kloft fytsers troch praat ûnderweis nei skoalle. Net ien seit it, mar wat de iere moarn in machtich moai momint jouwt binne de brommer kontrôles. Plysjes dy’t de motors draaie litte op in rollerbank en útfine at de twatsjillers ek opfoerd binne. Mei man en macht steane de blauwe miggen dêr om de âld-fytsers fan it fytspaad ôf te heljen. It levert hja in fertraging op en it kostet harren in brommer, at dy hurder riidt as wat mei.

Krekt goed.

Reacties