Sa wie Sinteklaas yn 2008

Wat goed is komt rap. Mar wat goed is komt faak ek fan bûten de provinsje. It is yn dizze Sinteklaasperioade mar wat frjemd dat der in spesjale Fryske Sinteklaze cd betocht wurdt troch Grinzers. Of better sein: Friezen om útens.



No is dit fansels in fantastysk idee, sa’n cd. Mar koe dit net earder betocht wurde? Troch kreative studinten oan de leararenopliedings foar it basisûnderwiis, troch kreative geasten dy’t no Fryske webside it web opstjoere, troch studinten Frysk?

De skiif is der. En it idee waard berne doe’t in Frysksinnige Sinteklaas ôfrûne jier yn Hurdegaryp de earme bern frege oft hja ek Fryske ferskes sjonge koene.

‘Zie Ginds Komt De Stoomboot’ moat de Hillichman fêst it strotsje útkaam wêze. Mar hy krige al rap begrutsjen doe’t bleek dat de beukers gjin ien Frysk ferske sjonge koene. En sa as dat blykber wol wer yn Fryslân kin: at der ien bekende namme in ferske skriuwt foar de plaat, dan folgje d’r mear. It rissultaat: in unyk produkt. En it rint neffens de side goed. Sa is Sinteklaas yn 2008.

Foar tsien euro hast der ien. Skamje dy no net langer datst do net earder my dit idee kaam bist, mar bestel noch ien.

Reacties