Freedtejûn ha ik op Kardinge de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen sjoen. Ôfpraat wie dat yn it café wêr't ik wurkje, hast alle sporten live te sjen wêze sille, mar dochs stie de tillevyzje oan it begjin fannejûn noch net oan.
Dus tusken in oantal frituerbeurten hinne, efkes mei de Technyske Tjinst (de TT) belle, en jawol: fanôf 20.00 oere it begjin fan it spektakel der foar en de ôftraap fan in twawyklikse tv-
marathon.
Sa'n iepenings is altyd hiel spesjaal en wol it dêrom ek net misse, it komt ommers mar yn kear yn de 2 (4) jier foar en it lân, de stêd presintearret har op de bêste wize. 'Passion lives here' is it motto, en Ducati en Ferrari, Sophia Loren, Armani, âlde en nije keunst en úteinlik Luciano Pavarotti makken der in geweldige show fan.
It grutste geheim is wa't de flam úteinlik oanstekke mei, dat wie net Alberto Tomba wa't ik tocht dy't it dwaan soe, mar in froulike skister: Stefania Belmondo.
Reacties
Een reactie posten