Is de titel fan it ien nei lêste U2 album. Is net in namme fan in song dêrop. Is in manier fan tinken. Kaam ik efter. Want: Alles wat sto net efter litte kinst, bewarrest dus.
Tja, dat ik dêr no krekt efter komme moast. 5,5 jier nei de release. It is yn elts gefal gjin sterk staaltsje konsumpsjegedrach, fan keapje, harkje, yn it cd rek triuwe en mar beare dast sokke aardige cd's hast. Mar as wie it 'slowfood' kôgje, kôgje, kôgje en trochslikke.
Oan it nûmer 'Beautiful day' bewarje ik moaie herinnerings, ek 'Stuck in a moment ' regelt en mei Elevation (a mole, diggin' a hole!) lutsen wy Leonie by 'Wa is de Mol' ûnder de grûn wei.
Mar omdat ik de ôfrûne wiken as ynfallearkrêft op ferskate Kristelike basisskoallen ek wol ris in 'les levensbeschouwing' jaan moast en net standert nei de Kind Op Maandag gripe wol, besocht ik it ris mei All that you can't leave behind. Dit plaatsje liet ik sjen:
It komt foar yn it grutte dekôr fan de Elevation-tour, tidens it lêste nûmer 'Walk On'. Wat in geweldige ôfslúter is. Yn it boek 'Walk On- a spiritual journey of U2' lês ik dat Bono (hast) elts konsert yn dizze tour de oanwêzigen meidield dat 'God in the house' is. Op de Slane castle DVD seit hy, idd: 'The spirit is in tha house'. Sterker noch, in oanropperich 'Halleluja' klinkt smekend op it ein. It is dochs gjin mega tsjerketsjinst?

Oan groep 8 learlingen is de Walk On opdracht, mei byhearend kofferke ien mei transferwaarde; ICT, Ingelsk, Godstinst en Muzyk wurde kombinearre. Mei in filosofysk rantsje. De fraach is nammentlik, wat nimst sto altyd mei dy mei, ast werom sjochst op dyn basisskoalle perioade.
Wat hast leart, of wêr bist efter kaam, wat typysk dy is. Bern neamme dan 'dyn namme', 'dyn persoanlikheid','dyn dna, 'dyn fingerôfdruk' mar ek: de goede herinneringen oan de juf of master.
Learling W. tocht noch wat fierder nei en fûn dat it ek ferantwurdlikens jout. Neffens W. kinst oaren dan ek net pleagje, mei opsetsin dwars lizze, omdat dat ek saken binne dy't jin net efter litte kinne mar meitôgje yn dy libbenskoffer. Poeh, in djipgeand stikje blog.
Bono hat him ynspirearje litten troch Aung San Suu Kyi. In Birmeeske liedster dy’t har famylje en har hús yn Ingelân efter lit om har yn te setten foar earlike ferkiezings yn Birma. En is in foarbyld foar moed en ‘útsûnderlike leafde’ foar in heger ideaal. It aardige is dat dizze tekst nei myn idee in ynteressantere ferwurkings is, as in kleurplaat nei oanlieding fan de ropping fan de folgelingen fan Jezus oan it mar fan Galilea. Hja moasten ek alles efter litte.

Reacties
Een reactie posten