Shaken, not stirred

Wat wie dat lang wachtsjen op in nije Bond film, doe't yn 1995 'Goldeneye' útkaam. Fansels siet ik rap yn de bios doe. 




Want 'in the early days' wie it wat at der a. in Police Academy film yn it wykein foar de buis wie en b. In James Bond film. Moaie plaatsjes fan stêden, tropyske strannen, gemene boeven, hearlike yntro muzyk en spektakulêre stunts. Letter kaam dêr de humor ek noch by. Mar it ferromantisierre bield fan Bond wie der ien fan de jierren 60. En ik koe my dan ek net foarstelle dat der eat wêr sokke films makke wurde koene. Mar doe kaam der Pierce. Brosnan. En Tina Turner mei har titelsong. En wer lekker tsjin de Russen oan skoppe, lykas at de kâlde oarloch noch altyd geande wie. Mei in tank troch Sint Petersburg en moaie strannen yn de Karibiën. En ik seach dat it goed wie. Sa ek de makkers en in nije Bond gekte ûntstie. In nije generaasje kaam yn oanrekking mei de wrâld fan de MI5 agint.

Twa jier letter kaam der yn rinnende bân tempo 'Tomorrow never dies' en yn 1999 'The world is not enough'. Fral dizze lêste film, hie alle yngrediënten fan in echte 007 rolprint. Moaie bielden, sterke humor, ferrassend ein. En in echte Bond, moast noch ris en noch ris sjen, wolst it ferhaal folgje kinne. My earste film yn Pathé Grins wie ‘Die another day’ dy’t ik nogal ‘makke en betocht’ fûn. It wie de 20ste produksje fan de Broccoli stâl, en hie sadwaande in soad ferwizings nei âldere ferzjes. Ek waarden er mei de kompjûter bielden kreëare, sadat it tige nep like dat James fan in iisskots ôfsurfde. De grutte held bleau Pierce en doe’t de ferhalen de kop opstutsen dat d’r net yn in ferfolch spylje soe, wylst hy dat sels wol woe, hat it lang duorre dat wy wer wat hearden fan it Bond front út Londen. Grut nijs wie dat Brosnan net wer opdrave mocht. En dat fûn ik spitich.


Nije Bond
Yn in relatyf stille perioade kaam der úteinlik wite rook en koe der yn Londen roppen wurden: Habebum Bond. It is Daniel Craig. Ynderdaad: Daniël Who? In 38 jierrige Brit dy’t ek yn "The Road to Perdition" spile hat. Op it stuit binne de opnamen al begongen en sil de film 17 novimber fan dit jier yn premiêre gean. Fansels binne de earste problemen der ek al wer west en oplost: Wa wurdt de nije Bond Girl en de ‘gemenerik’ want beide wiene noch net bekend doe’t yn Praag de earste kamera’s al snorden. Juster lêsde ik dat Eva Green de Bond girl wurde sil. Ek al ûnbekend. Dy mei aanst û.o. nei Ingelân, Itaalje en de Bahama’s foar it sjitten fan filmmateriaal. It sil allegearre wol wennen wêze. Oant de 17e moatte wy it dwaan mei dizze plaatsjes.

Nije Bond Girl

Reacties