Stim wizer: De communisten!

Boem! De útslach fan de stimwizer ferskynt op myn skerm. Doe't ik earder al ris hastich de stimwizer foar myn wenplak ynfulde, kaam dêr de PvdA út as earste party en doe it CDA. Ik herinnerje my noch dat ik doe in soad fragen ynfuld ha as ' neutraal'. Ik fernuverje my der faak oer dat minsken moaisum ynskatte wat ik stim. Der wurdt faak tocht dat ik SP as Grien Links stim. Pffrrrrrr! Ik bin mear 'pro' as tsjin. Nee, gjin ôfbrekkende tomatesmiters!



Mar no't ik yn de kofjepauze op de basisskoalle tusken de ferhalen oer nije húzen en naden yn it parket, ek it wurd 'stemwijzer' foarby hearden kommen, miende ik de digitale fragenlist foar de stêd Grins nóchris, serieusk, ynfulle moast. En wêrom soe ik him hjirre net pleatse? Guon dogge der nammentlik heimlik geheimsinnich oer, wat se stimme. Ûnsin! Dit is myn útslach:
It CDA, dat falt net sa bot op. Christenunie? Dat fêst te meitsjen dat de winkelsnein foar my net hoecht.... Mar, op plak 3: De Communisten. Hé?! Hoe kin dat. Tink, tink nei! Hmmmm....
It hat te fêst te meitsjen mei myn sosjaal-radikale punt op guon gebieden. Oer memmem dy't allinnich binne, mei nei skoalgeande bern, dy't perfoarst wurkje wolle. Mei de fraach: 'kin dat ? '
Antwurden op dit soarte fan problemen, binne foar frij dúdlik: âlders moatte de opfoeding net by in oar lizze. Net by in oerheid, wurkjouwer as skoalle. En ach, dêr gie it petear fannemoarn yn de kofjekeamer ek oer. Dan sille der wol wat mear CDA stimmers, fannemoarn neist my sitten ha. As communisten! Mar dy prate neffens my net oer reiskes yn de foarjiersfakânsje nei fiere oarden, as in nije hypotheek!

Reacties