Hearlik avondje

Tongersdei te jûn wie it dan safier, it earste échte wjersjen mei it d.t. bestjoer der romrjofte feriening Bernlef, 2004-2005.



Tiden ha tiden en de tiid hâldt gjin skoft binne fan dy alderaardichste 'tegeltjes waarheden' mar wol fan tapassing. Doe't nei in tradisjoniel streksem miel pasta mei in soad fleis ( 4 mannen én Femke), it boerdspul 'Weekend Milionairs' op tafel kaam gie it los.

Der binne in krat bier en 2 flessen wyn yn in pear oerkes troch hinne sopen.
It grappigge is om dyn âlde bestjoersmaten ris op in oare manier tsjin te kommen; wêrom wit Femke net wat arachide oalje is, en wit Ids net hoe't it Emmer dierenpark hiet! Of hoe kin it itdat Eelke neat fan it Keningshús ôfwit wylst, syn broer der hast 'fan' fan is! Op it ein fan de jûn, krekt nei tolven: is allinne Jan S. noch ôfset nei it Tanklokaal fan Bernlef. De rest moast of moarn wurkje of studearje. In goed foarbield fan it idee dat jin in bestjoersjier op it top fan jin kinnen dogge. Noch in bestjoersjier en dan wurkje/ ôfstudearje! Faker fan dit soarte jûnen!



Reacties