There I go again!

Yaaaaaaaaaaarghhhhhhh ! Ik stean oan de jûn foar in nij avontoer! Meidwaan oan it liftwedstryd. Nei Berlyn. Einliks! Einlíks!


Langsaam slûpt it gewoane, de gewoante, yn it ritme fan de wike. Yn it ritme fan de moanne. Pas mar op, aanst is der net mear de prikkel as de 'thrill' dy't ek hâlde wol. En noch wol beet ha.
Hjoed noch: "Kinst ek in dei langer wurkje?" Dus 4 dagen yn 'e wike foar de klas. Dus mear fertsjinje. Dus mear sliepe, mear ôfsûndere op myn keamer, fan de avontoeriers, de echte libbensbeoefeners, langsem tusken de hoarizonleazen. Ach, ik tink dat ik dy dei der by pak. Want mear jild jouwt yn septimber mear moogliheden. En wat? Binne der al wer plannen om yn de simmerfakânsje nei Thailân te gean?

Earst Berlyn! Ôfrûne simmer net 'echt' fuort west ( Skylge telt net) en de tinzen giene de ôfrûne wiken al wer werom nei de lange autoreis nei Madrid en de typyske dagen dêr, maaie 2005.
It is gjin Súd Afrika. Ek gjin Perth. Dat komt noch. Mar earst Berlyn.

Mei Regine, fan Kardinge. It wie samar klear, nei it wurkjen hiene wy it oer jild sparjen. Doelen stelle. Op fakânsje gean. En dat soks altyd samar wol kin! We sieten yn it Kardinge Café. Ik dronk Bier. Regine reade wyn. En wy gean nei Berlyn!

Moarnier 6. 00 oere moarnsiten op Bernlef. Dobbelje om wa 't der as earste fuort mei.
7.00 start. En dan? Dat is de fraach.

It sil fêst bysûnder west wêze, at ik moarntenacht de eagen slút yn Berlyn.
De stêd dy't ik net kin.
Nóch net.....

Reacties