Lokkich is der noch soks as Keninginnedei. Dan wurde de measte regels oan de kant set en mei elts: keapje en ferkeapje op de frijmerke, sûnder inkeld hygiëne plan hapkes ferkeapje en fansels: dronken op strjitte rinne. Hearlik, sa'n dei is hielendal oars as de measte.
Freed te jûn bin ik nei it poolen mei Autisten, nei Martha gien dy't mei Janke Liesbeth en Berber, wachtte op myn kadootjes foar Femke en Jarig. Sy hâlden in feest dizze jûn omdat hja beide slagge wiene! Fansels wachtte de stêd ek, en stiene Berber, Martha en ik op in stuit ek yn in kolkende Poelestraat. It wie der smoar drok, yn de iepenloft, hiel gesellich en al te kâld. Fia Bar Players binne wy werom gien nei Bernlef. It is tocht ik betiid wurden.
De 29ste, bin ik mei sneupbeer Jan B. de Praediniussingel oer gien, omdat a. "It sa aardich is om de dei mei te nimmen", b. Der allegearre koopjes binne en c. Omdat it sa'n grappige namme is 'Praediniussingel'. Ik helle der in koekblik mei 'Wim-Lex en Máxima' om dêr in CD fan Blof yn te ferpakken: ús mem wie hjoed jierdei.
Jan B. kocht 2 túnstuollen foar €2,-. Dêr giet d'r fêst in jier lang fan genietsjen, fan de priis...
Dy middeis bedarren wy op de Grute Merke wêr't Klaas Yde Klaas Haaije krekt kwyt rekke wie (oan de drank) en wêrnei wy rjochting de Ellebogen ôfsetten.
Doe't Jan en Martha nei hús ôfsetten, bedarre ik mei Klaas Y., Tjitske T, letter ek noch Jellie en in hok fol âld-leden fan Bernlef, yn in tinte efter de Pintelier. In echte Van Kammentinte wêr't wy úteinlik oant de betide jûn bliuwden. De reden?
Djoeke en Wietske, in foartreflik duo út Tietjerksteradiel. As wie it in jukebox, koe it publiek op in 'billboard' op it poadium de titels fan harren songs opneamme. Ynteraksje wie de formule.
En fral âldere meisjongers it rippetoire. Myn stille hichtepunt: Islands in the stream fan Kenny Rogers en Dolly P. Keurig twastimmich brocht, troch de dames dy't tink ik krekt de 50 passearre wiene. It ôfslútende 'Du' soarge derfoar dat de tint hast ôfbrutsen waard.
Nee, dêr koe IOS net oantippe, dy't de jûns op de Grutte Merke stie. Jellie en ik stiene, ála U2, wer hast foaroan. Elts waard langsamerhân min.
Sels Wouter wie min, want dy gie nei it shoarmaiten mei Naomi op de bank in DVD sjen.
Pier, dy't de hiele dei al min wie, krige letter dy jûns noch in ferassingsbesite. En dy woe de stêd noch yn. Ik hie it wol hân.
In pear 'wow' dagen!

Reacties
Een reactie posten