Wa wie ....... de Mol?

Sneintejûn 21 maaie. Sa'n 50 taskôgers wachtsje. Op it ein fan de Grinzer Herestraat steane 9 barkrukken, mei derop 9 slachtoffers fan in Mol. Dizze Mol stiet mei in winner en in ferliezer oan it begjin fan de Herestraat. No sil folle dúdlik wurde.



Jan Hendrik, Anne Frits as Jan. Eins binne it trije mollen. Mar at Jan Hendrik de Herestraat ôfrûn hat, it públiek senuweftich ritmysk begjint te klappen, wurdt it dúdlik: Hy is in ferliezer. Guon skrikke. At dêr yn de fierte Anne Frits oankomt moat dizze wol op it winners kratsje stean gean. Mar dat docht er net. Hy wie de Mol.

At Jan, dy't yn de fierte oan komt rinnen en de reaksjes fan it publyk peilt, wit hy it: Ik bin de winner. De trije finalisten wiene foar my as ynsider gjin ferrassing. Hja hawwe it spultsje hurd spile, en waarden alle trije fertocht as 'Mol'.

Tidens de afterparty op Cleo waard in soad dúdlik. It wie geweldich!

Reacties