Ôfrûne wike bin ik mei 'myn' klasse op skoalreiske gien. Tja, dat heart der by. Wylst de bern hjirre (fansels) al dagen, wiken, nei út sjoen hiene, liet ik dizze dei op my ôfkomme lykas eltse oare dei. Ponypark Slagharen wie de bestemming, dit park soe nammentlik krekt oerienkomme mei de belibbingwrâld fan bern dy't sa'n 10 jier binne.
Doe't der om healwei njoggenen in grutte touringcar foar de skoalle riden kaam, en âlders, dy't allegearre harren bern perfoarst útswaaie moasten en senuweftich waarden bleek dat it ek in bytsje myn dei wie. Bern binne maklik op te ruien, healwei de rit by Assen: 'straks zie je een reuzenrad boven de bossen uitkomen! Wie hem het als eerste ziet krijgt van mij een snoepje'.
Hiel flauw, mar it wurket wol.
Wy wiene der as ien fan de earste skoallegroepen, it soe noch drok wurde mei skoalreiske bern, en de earste bejaarden dy't efter it park yn bungalows rinteniere stapten krekt op harren fiets om de provinsje yn te gean. Yn steltsjes.
De dei makken wy fol mei hiel faak yn de achtbaan te gean, yn de wyldwetterbaan, yn it pirateskip-wat-oer-de-kop-giet en yn de enorme moanne te gean mei sweefbakjes deroan. En steeds mar: Menéér Douwe! Hier nog in!
It wie slopend!
Tusken de bedriuwen kaam ik noch Paboklasgenoatsje Annigje tsjin. Sy hie ik al wer in 2,5 jier net sprutsen. It ûnderwiis is in karoussel! Boppedat leauw ik op sa'n momint net yn tafal.....
Mei myn kommende fertrek nim ik ôfskie. Ek fan har.
Wat ik al wer ferjitten wie, is dat it fanselssprekkend is dat, by it thús kommen alle bern ûnder de stuollen dûke at de bus oanriden komt. Oja! Wy stapten efter de skoalle út, lieten de bus foar skoalle stil sette en de âlders wachtsje tot harren bern om de hoeke oanrinnen kamen.
Mar dy kamen dus út skoalle rinnen.....
Wat in wille sa'n skoalreiske.

Reacties
Een reactie posten