A: Dútslân- Costa Rica 4-2
Slappe Dútske sintrumferdigeners litte Midden Amerikanen noch ticht by komme.
A:Poalen-Ecuador 0-2
Min Poalen jouwt foarsetsje Ecuador foar moai toernoai.
B:Ingelân- Paraguay 1-0
Eigen doelpunt maskearret swakte Ingelân.
B:Trindad&Tobago-Sweden 0-0
Karibyske fuotballers oerlibje troch taktysk laffe Sweedske kootsj.
C: Argentinië- Ivoarkust 2-1
Afrikaans middenfjild net kompakt genôch foar stunt. (2e helte sjoen op Augustusplats, Leipzig)
C:Servië(Montenegro)-Nederlân
Kollektyf drukkend Oranje bliuwt langgenôch yn balbesit, sadat Balkanezen nea echt gefaarlik waarden.
D: Meksiko-Iran 3-1
'Outsider' Meksiko moat status noch wier meitsje: It bliuwde té lang 1-1
D:Angola-Portugal 0-1
Portugal heart net by de 'grutte menearen' op dit kampioenskip.
E: Itaalje-Ghana 2-0
Effektyf en groepeard spyljend Itaalje wint krêftproef tsjin sterke Ghanezen. Azzuri komt fier..
E: VS- Tsjechië 0-3
Masterclass Tsjechen tsjin de oars net minne Yankees: It bêste team, oant safier.
F: Brazilië-Kroatië 1-0
Sambafuotballers winne op syn 'Dútsk' fan Kroatië: Is Brazilië noch wol favoryt?
F: Austraalje-Japan 3-1
Einspurt Socceroos lansearret nije gekte Down Under en yn Dútslân: Brazilië krijt it dreech!
G: Frankryk- Switserlân 0-0
Switserlân kin groepswinner wurde nei oare poulewedstriden: Frankryk rap ôffoere.
G: Súd Korea-Togo 2-1
Kult status Togo slaat net oan op team: Dick Advocaat wisselt no wol goed.
H: Spanje- Oekraïne 4-0
Kikkers by Oekraynsk hotel sizze te weinich oer swak Oekraïne: Spanje is ek favoriet.
H: Tunesië- Saudi Arabië 2-2
Sekere winst Noard Afrikanen wurdt Islamytyske puntendieling: nimt Frânske kootsj Tunesië floek fan 4 jier tebek mei him mei?
Moaiste wedstryd:
1. VS- Tsjechië
2. Itaaje- Ghana
3. Austraalje- Japan
Favorieten nei earste wedstryd:
1. Tsjechië
2. Spanje
3. Dútslân
Reacties
Een reactie posten