Heeren van het Veen



Sneon wie de lêste fan trije foarstellingen fan 'De Heeren van het Veen', it megaproduksje wêrmei Sportstad Heerenveen iepene waard. En ik hie kaarten. Doe't ik mei trije famyljeleden mei in streekbus fanút Ljouwert, by de Sportstad oankaam bleek it drok te wurden. Dat is it mei in fuotbalwedstryd fan de SC ek wol, mar no kaam hast elts oan mei it iepenbier ferfier, op in 100 meter fan it stadion oan, wat nei de ferbouwing fan de noardtribune oprjocht in fuotbaltimpel hjitte mei. It plestik foar de nije rúten, tusken donkere bakstiennen op dizze nijste blikfanger, ferriede dat it noch net hielendal ôf is.



Mei noch in oere foar de oanfang fan de foarstelling, wie der noch genôch (te folle) om te sjen: Nellie Cooman dy't sprinttraining joech, ferskate Olympyske sporten yn útfoering en in simpel mar toch sfearfol makke plein, ôfskerme mei steigermateriaal en kleden, wêr't de Bogerman Bigband spile. It publyk wat nét op in terrasstuoltsje mei tafeltsje siet, swingde mei. Tafallich kamen wy dêr de famylje Van der Heide (Rigje c.s.) út Mantgum tsjin. In korte gong troch it Cios gebou, siet der kwa tiid net mear yn. Doe't wy ek noch Deinumers tsjin kamen, oare bekenden út ferskate hoeken, troffen wy op de tribune ús tante. En Jelle fan Bernlef mei syn mem!
Fryslân is fannejûn in global village, en Hearrenfean is efkes it sintrum.
Wylst net alle plakken beset binne, oerfalt de stilte my: seker sjoen it hege tal grize prúkjes hier wat hjirre en dêr sit, binne dit stik foar stik Friezen dy't hjirre net wykliks sitte.
It sil in unike jûn wurde.
Neidat de bouwers fan de takomst, bern mei bouwhelmen de boutekening fuortlûke, komme haadrolspilers Peter Tuinman en Karin Bloemen op. Mei tuskenpoazen binne sy altyd op it fjild oanwêzich yn ferskate gedaantes dy't steeds in Heer en Vrouw fan it Fean foarstelle. Rêstich wurdt de omfang fan de show dúdlik: honderden arbeiders komme op, doeken wurde faandels, wurdt de Kompagnonsfeart. De grûnsoart stiet sintraal, sa ek it jild. It is in skiednisles.
Ik wachtsje op de binnenkomst fan it Olympysk fjoer, mar dy komt net. Regisseur Jos Thie soe net mistean as art director foar de Spelen yn Peking: Ferbluffing, ferskaat en fantasy rôlje fan fjild nei tribune. En oars en om: De skoalbern fan de gemeente Opsterland steane op de tribunes te sjongen, it is aardich betocht. Tillevyzjes wurde aerobic bankjes, der is ek in krityske kant!

Prachtich hoe at it fleantúchje mei kamera boppe it stadion út, de skyline fan it Fean op de megaskermen sjen lit. At de ekspânsje fan it streekdoarp symbolisseare wurdt mei in monopoalje spul, is it pear tellen letter de iisflier fan Thilaf wêr't skeelerders tsjin de Italjanen ride. Mei wedstriidkommentaar fan Heinze Bakker.

It hichtepunt is de weromkomst fan Abe op it koard, doe't by de foarstelling Abe! de koarddûnser it stadion útdûnse, no kaam d'r werom: net mear yn in 'Kuip in de polder' mar yn in Fryske timpel.

Karin Bloemen sjongt noch in pear kear it refrein fan it temaliet en it is dien, as oarssein: It is iepene!

Reacties