Wurdt dit in ‘studearjen yn Grins foar dummy’s’? Ik wit it net. In tydlik as finaal einde oan in perioade Grins is oanbrutsen. Net dat dit in freeslik momint wurde sil, mar in sentimental journey past hjirre faaks wol by. Lykas in goed boek, ferskate haadstikken hat, hat nei myn tinken it libben dat ek. Hingjen bliuwe, past net al te bot by my. Saken foar de earste en de lêste kear dwaan wol. Dit binne ek faak de mominten dy’t elts faak werom helje kin yn syn/ har tinzen.
Sa ek myn earste ‘skoaldei’ fan de ALO. Omdat ik yn septimber 2002 noch gjin keamer hie en noch gjin donker blauwe ALO tas, stapte ik in healjier lang, eltse dei, mei read-swarte reedriders tas fan ús heit op de trein. Wol yn in trainingspak, dus net hielendal inkognito. Sa no en dan stutsen der hockeysticks, softbalhânskuonnen en tennisrackets út dizze foeilelike tas.Grins wie foar my in ûnbekinde stêd, nammen fan stedswiken koe ik net, buslynnûmer koe ik net út inoar hâlde en stappe yn Grins wie dochs nei ‘De Drie Gezusters’? Yn in healjier kin in eigenbield, nee eat grutter: in provinsjebield bot feroarje.
Want, nei in lange wike tusken de té sportive, té snelle, té enthousiaste, té sosjale en té hippe ALO-ers (mar eins binne de measte nei Grins geande studearjende jongelju wol wat sa) is it in kâlde weromkomst om bygelyks freed op it Ljouwerter busstasjon te stean. Wachtsjen op de bus/ trein nei hús yn Deinum wylst de trochsnee 'Fryske' HBO studint dan einliks mar ris in pilske pakt yn ‘studintestêd Ljouwert’.
Troch de wike by heit en mem op ‘e kost en tongersdei te jûns (yn eigen doarp) de fuotbalkantine yn, sa datst freed te moarn op ‘skoalle’ dochs noch mei beare kinst oer de alkohol en it tal nuttige glêzen. Want de Ljouwerter studint wennet (noch) thús. It freed te middei op it Ljouwerter busstasjon-bield wurdt fernaamlik ynfold troch de MBO studinten. No hat Grins dy fansels ek wol, mar yn Fryslân hawwe de jongen strakke spikerbroeken oan, kisten, faak noch legerjassen en de measte fammen faak te strakke donkere broeken, wêr’t in te grutte kont yn hinget, ôfklaaid mei in modieuske sjaal ûnder de Gaastra jas en it hielendal ôfmeitsjende ‘stjonkdierenkapsel’. It stile hier model, mei twa kleuren. De eksakte útlis leit by Martha R.No kinne de measten fansels net al te bot wat oan in úterlik dwaan, mar oan de klean en it opswarrende praat wol. Wat sa’n freedtemiddei al gau it hichtepunt fan myn wykein drige te wurden, om it fermeitsjende: “Wy keapje ien yn de Doele!” En faaks ek in hichtepunt foar dizze adolesenten, omdat hja de oare jûns wer yn it ‘wêr geane wy op stap- stramyn’ moatte fan freonegroep as it keursliif fan de ‘ferkearing’.
De earste moannen ALO mei it yntinsive program, de enoarm belutsen klasgenoaten en de opienstapeling fan nije erfaringen wiene eksakt wat ik der fan ferwachte en wat ik woe. Ik ha in hjerstperioade noch nea sa goed belibbe tink ik, moarns om healwei njoggenen al op de sintelbaan tusken fallende blêden en wiet gravel te draven. Om dy ferfolgens letter dy middei dy wiet reine te litten op it softbalfjild. Mar it wie prachtich!Mei dizze ALO klup geane wy te wetterskiën, faak op stap en diene wy noch genôch oare aktiviteiten. It wie krekt as wie ik wer tusken de backpackers yn Austraalje. Ein novimber hong der yn de gong op de ALO, by de grutte trep nei de klaaikeamers, in meidieling dat der fan 1 jannewaris oant 1 septimber 2003 in keamer fan 20m2 frijkomme soe, oan de Kleine Bergstraat. En dat foar € 200,- . Kontaktpersoan Eelke van der Wal. Foar de oplettende sportkatern-lêzer fan de Noardelike kranten: Eelke ‘de fytser’. Yn dizze moanne is alles hurd gien, en foardat ik it wist waard de krystfakânsje benut om dizze keamer te farvjen, in wand der yn te goaien en: te ferhúzjen.
20 m2
It eigenlike Grins haadstik begie dêr. Tidens in izige jannewaris moanne en dus in kâld begjin fan it jier 2003, waard Grinsstêd en har Ommeland, it sintrum fan myn libbentsje. It ‘op keamers gean’ is yn it earste plak net it foar dy sels soargjen, mar it dy sels fermeitsje. Yn myn gefal miskien. It sosjale libben, de minsken om dy hinne feroarje fan famyljeleden en klasgenoaten dy’t ek op de trein nei Fryslân moatte, nei it winkelpersoniel fan de Konmar oan de Kerklaan, de meiwurkster fan de copyshop en in húsgenoat. Dy’t bysûnder faak ôfwêzich wie om reden fan fiere trainings wykeinen, as trainingsrûntsjes fan 100- 150 kilometer. Op in dei. Sa at in beuker stadich syn wrâld ferkent, fan it eigen hiem, de tún, de skoalle, de supermerk, sa ferkent de studint ek syn eigen gebied yn in nije stêd. Ja, as wie it in jachtgebied, lit ik it sa mar neamme.
Want nij is it paad nei skoalle, it sykjen nei de goedkeapste supermerk en de aardichste, spesjaalste kroech mei it aardichste folk. In grut foardiel fan op dy sels wenje is absoluut de mooglikheid om lju út te noegjen. Sadwaande wie myn earste ‘housewarming’ der ien mei hast de hiele ALO klas. En kamen Austraalje- gongers al raps nei de studintestêd Grins. Omdat der al ferskate klassejûnen ( hoesa, wy sitte op it HBO) west wiene yn de Groote Griet, dy mei dy draaibar, koe ik gasten wol wat fertelle oer it kroechlibben. Al wiene die net sa bysûnder drok as op de woansdei te jûns, wat ek in fêste ALO jûn wie. Hearde ik letter. De oare dagen, lês jûnen, wie der myn 20m2. Kleur blau. In eigen 2-persoansbêd. Taktysk ynrjochte.
Grutte koloniale tafel. 4 stuollen. Troch supermerkesegels by in oar sparre servys fan de Meermarkt yn Deinum. It moaiste besit? De boerdspultsjes en de eigen cd’s. Meast brûkte plak: de kompjûter, mei krigen fan thús. Net alinne om de fakwurkplannen fan Timmers, mar ek om de PC effisjint yn te rjochtsjen ( it wie in model 1998) om ris flink MP3’s del te laden. En om myn cd kolleksje oan te foljen fansels. Yn de earste moannen krige ik ek noch Miranda Werkman mei kameraploech oer de flier, foar in ynterview. Dit omdat ik yn it programma ‘Ûnder Fjoer’ siet. Dit lêste barren, makke it hielendal prima dat ik in eigen keamer yn it fiere Grins hie.
No kaam it wolris foar dat ik begjin 2003 sneontejûns noch wol ris hjirre en dêr yn Fryslân te finen wie, en dat ik dan yn feesttinten, doarpshúzen en mienskipssintra oansjitten waard as ‘dy jonge fan de tv’. Sels yn Grins, waard ik herkend. Foar de ALO kaam ik op skoallen yn Ljouwert en letter yn Emmen.Doe’t it foarjier waard, moast ik stadich op syk gean nei in keamer, nei septimber.
In doarp yn de stêd
De ALO die ik ferkoart, en dat wie dus swier trochpakke. Mar ik hie al earder troch dat de Hanze Hogeschool, krekt wat mear proffesjonaliteit toant as de CHN yn Ljouwert. Op alle fronten! Mei myn persoanlike besittingen wie ek myn racefyts mei kaam. Dit mocht ik oars altyd graach dwaan. Ik bin al rap lid wurden fan de Grinzer studinten fyts feriening ‘Tandje Hoger’. Úteinlik ha ik der nea mei west te fytsen... It wie al wer in jier lyn dat ik keatst hie én no wist ik dat der yn Grins keatst waard. By in feriening wat eins in dekmantel is foar haadklasse keatsers dy’t sadwaande nei de Bondspartij kinne, mar ek rekreatyf. By Bernlef. De studinteferiening wêr’t ik yn novimber de Fryske premiêre fan de ‘Kameleon sjocht yn it waar’ mei makke hie. Dit wie yn de Harmonie fan Ljouwert.En sa barde it dat, nei twa en in heale moanne Grins, ik op in tongersdei te jûn ôfsette nei de Tuinstraat. Nei Bernlef. It wie ein maart doe’t ik lid waard. Omdat begjin april it keatsen al begint by dizze Friezen. Mei de klaachsang fan Klaas Jansma en de presintaasje Bernlef op it Noardelik Filmfestival, hie ik al wat mei krigen fan de humor dy’t der blykber by heart.
Oan de oare kant hie ik in enoarm foaroardiel: Grauwe, net kreaze minsken, út de binnenlannen fan Fryslân, dy’t dizze feriening perfoarst nedich hawwe by it finen fan freonen, in lettere libbenspartner mar fral it hawwen fan in fersetsje tidens harren studintetiid. Bernlef as boarne fan fermaak. Dit bield waard diels ek wol ynwillige.
Ik trof Dick W. efter de taap oan, mei in (wat letter bleek) moadieuske bril. Der sieten wat sloege, gepast nijsgjirrige bestjoersleden oan myn kant fan de taap. Stikkers mei teksten as: ‘Ik bef varkens voor Pigmeat’ en ‘Wy meie graach oan de taap hingje’ sierden de boppebar. It ynterieur hie wat fan in ierappelloads, wêr’t de pleatselike hingjeugd mei spuitbussen in paintballgefjocht hân hiene. Donker read, brún en giele muorren. Yn de flier sieten gatten. Ach, ik kaam der foar it keatsen.Foar dat ik it wist stie ik by dizze klup op in ‘Dies Natalis bûtendei list’ en siet ik yn in kelder foar in ynauguraasje. Fytsend fan it Noorderplantsoen nei dizze fjoerproef koe ik, al beljend mei in âld Pabo-er, ek net útlizze wat dit ynhâlde soe. Mei Rigje, Germ Dijktstra, Egon, Pieter Auke, Germ Minnema en Gerard, bedarren wy dizze jûn ûnder oare op de Kardinge bult en yn it Stedspark.
De kommende wiken, de tiid rjochting simmerfakânsje, wurke Bernlef as sjerp op ealjebaaien en murk ik dat der mear oer jin praat wurdt as dat der mei dy praat wurdt. Lykas in doarpke yn de stêd. Mei harren hichte- en djiptepunten. Ik wist al rap it paad te finen. En boppedat koe ik mei it bestjoersfolk wol aardich fine. Tidens de bulútrikking (dy’t jin krije ast lid wurden bist, fan it ôfswaaiende bestjoer) kaam ik yn de kunde mei oare, ynauguraasje klanten.Ik siet neist Jan Slingerland, frjemd genôch wie der in ‘klik’.Dizze simmer hie ik noch al wat op stapel stean: Meidwaan oan de spulwike yn Littens (tanksei Rigje, fia Bernlef dus regele), Mountainbike mei Hendrik fan de ALO yn súd Limburch en mei Erik en André op fakânsje. En úteinlik ein augustus ek noch in wein timmerje, foar it jubilearjende doarpsfeest yn Deinum.Dochs wie de simmer fan 2003 de simmer fan dé ferbouwing.
Bernlefs bestjoer woe fan de ierappelbunker in pronkstikje meitsje. En der wiene frijwilligers foar nedich.Yn de tarin fan dit masterstikje, hie ik yn de diskusjes al kennis makke mei it konservatisme en in diel fan myn foaroardielen befêstige wurden sjoen. Mar it gie oan en ik bin der in tal dagen foar yn it spier west. Hast altyd mei Eelke Brolsma en Jan Slingerland. Ek Johan Cnossen. Mannen wêr’t ik dus in ‘shared history’ mei ha. Ynterieur- en nifelnicht Pier hie de lieding. Iene Jan Brolsma soarge foar de kofje. Sa frappant dat klinkt, sa frappant wie it ek. Jûns setten wy faak mei in ploech ôf rjochting in oare studinteferiening. Foar dat ik it wist siet ik midden yn it studintelibben fan Grins.In nij plak Yn de syktocht nei in nije keamer, waard ik holpen troch Eelke Brolsma. Der wie noch rûmte by him yn it hús. In flat, wêr’t al twa minsken wennen, mar troch it timmerjen fan in wand yn in hoekkeamer kaam der sa’n 14 m2 frij.
Mei myn twapersoansbêd deryn, bleau der weinich fan oer. Mar, der wie in grutte keamer mei in grutte TV en dolby surround set, foar algemien gebrûk.De oare húsgenoate wie Maartje. Ek lid fan Bernlef. De rûmte waard wat krapper, mar der tsjin oer stie de geselligens fan in grutte keamer (dy’t nei myn smaak bysûnder fout ynrjochte wie...) en húsgenoaten dy’t faker thús binne as in semi prof fytser.Ik siet boppedat oan de Kamerlingh Onnesstraat flakby de ALO. Flakby de Aldi, flakby it NS Stasjon en flakby de kringloopwinkels. Mar dêr moast de broer fan Eelke my op wize. Jan, dy’t gauris delkaam om kofje. ‘Do hast foar my wat kofje, ik ha wat geselligens’. Op de ALO wie it spannend. Ik woe graach yn it bûtenlân ôfstudearje. Lang om let waard dat neat. Pas jannewaris waard dit dúdlik. Yn dizze tiid gie ik de lessen, de klassen, de sporten by op en del. Hjir en dêr wat shoppe.
De ‘klasse’ fan it ferline jier seach ik net sa faak mear.By Bernlef learde ik mear en mear minsken kinnen en foarme de ‘Partysanen’ wol in haadbestândiel fan in perioade. Maartje koe ik fansels al, mar al rap kaam ik der efter dat Martha in grute motor wie efter dizze rûnte. In ploech minsken dy’t in bysûnder nocht hie oan foute feesten. Te tinken falt oan: Piratenfeesten, Tentfeesten yn tinten fan Van Kammen, Sûpfeesten om mar in soart te sûpen, Griet Wiersma fanklupdagen, ensfh. Ek Jan ‘Kringloop’ Brolsma hearde hjirre by.
De basis wie oan it begjin fan de simmer al lein, mei in BBQ by de Reitsma’s thús en in ‘Nacht der Giganten’ feest yn Âldstjerk. By de FFJ siet ik yn de APK, in hilaryske kommisje wêr’t de magy fan de ferskate persoanlikheden ús hiel fier brocht at it gie om it organisearjen fan aktiviteiten en PR.Grins waard al wat gewoaner en ik seach net dat ik faker en mear fan dizze stêd learde en wist.
Reacties
Een reactie posten