Goodbye Grins II



Oan it roer

Op de ALO begie it wat te rinnen, ik kaam yn in nijsgjirrige ûndersykgroep, joech les op de ALO foar myn staazje oeren, in kwestje fan trochgean.
Om earlik te wêzen wie Grins foar my doe, Bernlef. Âldjiersdei setten wy op Bernlef, mei de Partysanen, in foar de klup in unyk Âld&Nee feest del. Ik fielde my hjirre mei ferbûn. En doe’t der in tiid oanbruts wêr’t der in nij bestjoer socht wurde moast, bleek ik fan ferskate kanten oantrúnd te wurden om my hjirre mei te bemoeien.

Mei it each op in jubileumjier (80 jier Bernlef) mar fral de opgong fan aktiviteiten, middels, oantal nije leden en de positive útstraling fan de simmerske ferbouwing woe ik dy ferantwurding wol nimme. Mits der minsken mei my wiene dy’t it selde fjoer hiene en de kar falle litte woene op in jier ynsette foar de feriening. Yn stee fan in bestjoersbeurs op strike, CV building en fan út histoarysk besef úteinlik dyn namme werom fine yn list mei bestjoeren.
Earder hie ik, at it om bestjoeren giet, ta ynsicht kaam dat it giet om : Iepenheid, Dúdlikheid en Earlikheid.

Sa stelden Ids, Femke, Eelke, Jan en ik ús beskikber. Nei in drege tiid, rûn de ferkiezingen, wêr’t de naute fan Bernlef foar my dúdlik waard, keazen wy it romme sop.
Wat folgde wie in jier wêr’t ik dan einliks folwoeksen waard. Dat moast ik wol as foarsitter. Mar it hat altyd in offer west. De backpacker, de ALO-er yn my koe ik net herkenne. It lef wol: Der kaam in histoaryske lustrumrevu en in unike ferkiezing ‘Wa’t de ferneamdste Fries’ wie út. Plus de rest!
Mei in bytsje bluf en enthousiasme sjogge sels stjugge Bernlef dat sy wat waard wêze kinne: Der wie in bysûndere spirit te fernimmen, in waard in fruchtber jier en dat alles mei it motto: Bernlef Brûst! It moaiste geskink wie it rekordtal leden, de measten mei bliere gesichten. In protte freugde en lol waard binnen helle!

It wie in jier lang yn in pak troch de stêd rinne, yn de kunde komme mei boaze eksternen, advokaten, de boargemaster fan Grins en altyd wer werom komme op Fryslân. Wy sletten as bestjoer dit jier yn maaie 2005 foldaan ôf. En úteinlik mei in soad ekskúses: Wie hiene yn it begjin mear fertrouwen ha moatten! Dizze ploech hat in jier lang myn efternamme brûkt om werkenber nei foaren te stappen: in komplimint!

As arbeider

Ein juny 2005 sieten pake, heit en mem en suske op de tribunes fan de grutte spelhal. Ik krige myn ALO diploma. Hjirre oan foarôf giene twa moaie wiken fan ôfrûning. It hat lang duorre foar dat ik my in ‘echte’ ALO-er fielde. Ik laveare der mar wat troch hinne en sa wie ik noch nea yn ‘Mesacosa’ west: it ALO honk oan de Swanestrjitte. Yn de lêste wiken, op sleeptou meinaam troch ALO dosinten kaam ik der. As wurdearre kollega, mei moaie wurden en fjouwer njoggens op myn diploma swaaide ik ôf. Yn de toeristyske rûte troch Grins, mei de famylje koe ik as folleard stedsgids fierder. Sûnder antwurd te jaan op de fraach: ‘Wat giest dwaan takom jier?’
Ein july hie ik in sollistaasje yn Dokkum, foar in job as dosint LO op in spesjaal ûnderwiis skoalle. Ik wie op it ein oerbleaun en, krige in moaie bedank brief werom. Hie ik dan net sizze moatten dat ik noch graach yn Grins wenjen bliuwe woe? Ik woe Grins noch net ôfslúte.
Begjin augustus, beslette ik: kommend jier wol ik alles oannimme om mar in bulte mei jild binnen te heljen. En der nei: Einliks wer fuort!
Foar immen mei in ALO diploma is der amper wurk. Hoe wichtich elts dit fak ek fynt. Yn dizze simmermoanne wurke ik as skjinmakker yn it UMCG. Loesje hat gelyk at sy seit: ‘Vakantiewerk: Eens kijken wat anderen zoal het jaar doen’.
Stofsûgje yn de deibesteding fan de psychiatryske ôfdieling en himmelje op de poli. Út foarsoarch, meldde ik my oan by de Sosjale tsjinst: ik krige fanôf septimber gjin stúdzjefinansiering mear. In hurde wurklikheid en in kennismakking mei dizze kant fan de Grinzer maatskippij. Tsjin myn natoer yn, sette ik yn op myn Pabo diploma. Wylst der weinich oant neat te finen wie, septimber 2005, kaam ik ek net mear (sa faak) op Bernlef. It wie fral opsyk nei wurk, nei jild.
Lokkich waard dit rap ynfold troch útstjoerorganisaasje Pro Equipe, dy’t ik kennen leard hie fia in taap aksje mei yn ús bestjoersjier en rekke ik al rap oan it wurk op Sport sintrum Kardinge.
Om my wol wat te fermeitsjen, keas ik foar it hjerstperioade kuorbaljen by de Parabool. Lykas froeger. Nei de KEI wike, skriuwde ik my yn as steunlid foar it CDJA. Dit resulteare yn it fergees itentsje mei minister Donner. Ek bin ik mei west nei middelbere skoallen, om ûnder Maatschappijleer wat te dwaan mei oare politike jongeren organisaasjes.
Nei in sollisitaasje by de VCOG, kaam ik yn it bestân fan ynfal learkrêften yn de stêd, sadat ik in wike letter al wer foar de klasse stie. Yn Beijum.
Oant en mei de simmerfakânsje fan 2006 folgde der in toeristyske rûte lâns skoallen yn stedswiken mei in goed as minder sosjaal milieu. Selwerd, Lewenborg, Helpman: myn fuotstappen lizze der.

It slot

Omdat it libben doelstellingen hawwe moat, op koarte en lange termyn, wie it organisearjen fan Wa is de ....Mol? ein novimber, tegearre mei Leendert fan Cleopatra, in ûntdekkingstocht wêr’t it sykjen fan plakken yn de stêd wêrsto as studint net faak komst, in doel. Nei in moanne as wat tarieding, wiene der 5 hjerstige dagen, wêr’t wy mei it sirkus delstrutsen û.o. yn it Stedspark paviljoen en de efterbuurt fan Vinkhuizen. Dernei wie der in befredigjend gefoel. Ik ha de stêd my eigen makke. Neist it protte ynfallen op ferskate skoallen, wie der yn de wintermoannen altyd ‘Kardinge’. It smite net in soad jild op, mar asto genôch oeren makkest: dan wol. Yn de VIP romte, kamen reedriders as Barbara de Loor, Mark Tuitert en Bob de Jong foarby. It bysûndere der oan wie, dat it gewoan waard.
Omdat ik al earder oanjûn hie dat ik wol wer ris oars sjen woe as de Kamerlingh Onnesstraat, mei de Aldi, de Slecker en de Kringloopwinkels tichtby, prate ik mei Eelke ôf: ik bliuw oant 1 jannewaris 2006.

Sadwaande dat ik myn earste nacht fan dat nije jier, op de A Weg yn sliep foel. In appartemintsje yn in âld gebou, tichtby it sintrum en wat ek belangryk is: lekker foar my allinnich. Nei trije moanne, in abrupt ferskowen fan in flean datum (fan ein april nei begjin septimber) kaam der de keamer fan Maartje frij.

Oan de Viaductstraat, efter it stasjon. It waard myn tredde en lêste keamer.
In moai en passend slot wie de twadde mienskiplike edysje fan in ‘Mol’. No mei trije ferienings, rom omtinken yn de Grinzer media en sa’n 50 man taskôgers by de ûntknoping, op de Herestraat. It wie noch in kâns om ris op plakken te sjen, lykas de Hortus Botanicus en it Universiteitsmuseum. De lêste moannen Grins, stiene yn it teken fan ôfskie nimme en nochris ôfskie nimme. Fan kollega’s by de Horeca, by de Martiniplaza, yn it ûnderwiis en fansels by Bernlef.
Ûndertusken kaam, ûnder de selde franchise, ek noch wurk yn it nije FC Grins paleis frij. Hoe kin it rinne?

Myn lêste wurkdei, sis mar nacht, wie mei it KEI einfeest yn de ‘Plaza’. Sels ha ik gjin KEI wike meimakke, dit jier ha ik dit bysûnder fan tichtby makke.
En krige ik it gefoel fan trije en in heal jier werom: in nije stêd, it ûnbekende, in protte mooglikheden en fral: safolle romte foar nije, bliuwende en weardefolle herinneringen.
Augustus 2006 wie myn lêste moanne yn dizze jonge, enerzjike stêd. It hat moai west.

Reacties