De kommende wike sil dizze lid ôf brief hjirre te lêzen wêze. Dernei is hy op fersyk beskikber, mochten guon dizze útprinte en bewarje wolle.....
KABOEM! It jitiizer foarmet mei in klap ien gehiel mei de keale betonnen muorre. Yn de fierte wurde fuotstappen wei op in gong.No't ik de romte op my ynwurkje lit, sjoch ik my my aanst deljaan op in simpel bêd. De wc pot is fan kil iizer en ik bin krekt ynljochte oer it trochspielen der fan. It is een betide sneintemoarn yn augustus en ik freegje my ôf: wêr bin ik yn himelsnamme oan begûn.....
Yn de neidagen fan dizze simmer, lit ik efkes de ôfrûne moannen lâns my del gean. It wie in tige drokke simmer en de tiid is foarby flein.Bin ik dan wat te hurd fan stapel rûn om mei de oare slachtoffers fan dizze aksje, in pear meters en inkele desimeters beton fierder op, om op dizze wylde sneontejûn úteinliks hjirre yn Fryslâns haadstêd te bedarjen? It is maart 2003 en it wie al wer in jier lyn dat ik keatst hie én no wist ik dat der yn Grins keatst waard. By in feriening wat eins in dekmantel is foar haadklasse keatsers dy’t sadwaande nei de Bondspartij kinne, mar ek rekreatyf. By Bernlef.
De studinteferiening wêr’t ik yn novimber de Fryske premiêre fan de ‘Kameleon sjocht yn it waar’ mei makke hie. Dit wie yn de Harmonie fan Ljouwert.En sa barde it dat, nei twa en in heale moanne op my sels yn Grins, ik op in tongersdei te jûn ôfsette nei de Tuinstraat. Nei Bernlef. Omdat begjin april it keatsen al begint by dizze Friezen. Mei de klaachsang fan Klaas Jansma en de presintaasje Bernlef op it Noardelik Filmfestival, hie ik al wat mei krigen fan de humor dy’t der blykber by heart.
Oan de oare kant hie ik in enoarm foaroardiel: Grauwe, net kreaze minsken, út de binnenlannen fan Fryslân, dy’t dizze feriening perfoarst nedich hawwe by it finen fan freonen, in lettere libbenspartner mar fral it hawwen fan in fersetsje tidens harren studintetiid. Bernlef as boarne fan fermaak. Dit bield waard diels ek wol ynwillige. Ik trof Dick W. efter de taap oan, mei in (wat letter bleek) moadieuske bril. Der sieten wat sloege, gepast nijsgjirrige bestjoersleden oan myn kant fan de taap. Stikkers mei teksten as: ‘Ik bef varkens voor Pigmeat’ en ‘Wy meie graach oan de taap hingje’ sierden de boppebar. It ynterieur hie wat fan in ierappelloads, wêr’t de pleatselike hingjeugd mei spuitbussen in paintballgefjocht hân hiene. Donker read, brún en giele muorren.
Yn de flier sieten gatten. Ach, ik kaam der foar it keatsen. En dat keatsen rûn ek samar: minsken as Thaeke, Jouke en Eelke wiene der altyd te finen en ek iene Wouter wie altyd lûd oanwêzich.En foar dat ik it wist stie ik by dizze klup op in ‘Dies Natalis bûtendei list’ en siet ik yn in kelder foar in ynauguraasje. Fytsend fan it Noorderplantsoen nei dizze fjoerproef koe ik, al beljend mei in âld Pabo-er, ek net útlizze wat dit ynhâlde soe. Mei Rigje, Sara Osinga, Germ Dijkstra, Egon, Pieter Auke, Germ Minnema en Gerard P., bedarren wy dizze jûn ûnder oare op de Kardinge bult en yn it Stedspark.
De kommende wiken, de tiid rjochting simmerfakânsje, wurke Bernlef as sjerp op ealjebaaien en murk ik dat der mear oer jin praat wurdt as dat der mei dy praat wurdt. Lykas in doarpke yn de stêd. Mei harren hichte- en djiptepunten. Ik wist al rap it paad te finen. En boppedat koe ik mei it bestjoersfolk wol aardich fine. Bernlefs bestjoer woe fan de ierappelbunker in pronkstikje meitsje. En der wiene frijwilligers foar nedich.Yn de tarin fan dit masterstikje, hie ik yn de diskusjes al kennis makke mei it konservatisme en in diel fan myn foaroardielen befêstige wurden sjoen. Mar it gie oan en ik bin der in tal dagen foar yn it spier west. Hast altyd mei Eelke Brolsma en Jan Slingerland. Ek Johan Cnossen. Mannen wêr’t ik dus in ‘shared history’ mei ha. Ynterieur- en nifelnicht Pier hie de lieding. Iene Jan Brolsma soarge foar de kofje. Sa frappant dat klinkt, sa frappant wie it ek. Under it kofjedrinken yn it skoft, wiene der Gangmaker koeken van de Edah en omdat de hiele harsens dochs al oer de kop lei, kamen âlde foto boeken maklik foar it ljocht. Wy laken ús de bûsen út, om snúteboeken fan begjin jierren njoggentich en om de generaasje Sytske Brinksma.Truikollen, Hemakuiven, ach....it is it opsykjen wurdich. Doch it marris. Hiel fout, mar it wurke wol.
Tidens dizze ferbouwing ha ik, tink ik, it wiere Bernlef gefoel mei krigen.Fryske jongerein, faak mei in agraryske eftergrûn, dy fan oanpakken wisten. In protte lol mei inoar meitsje koene en it hert op it goede plak sitten hiene. Jûns setten wy faak mei in ploech ôf rjochting in oare studinteferiening. Foar dat ik it wist siet ik midden yn it studintelibben fan Grins.
Yn de syktocht nei in nije keamer, waard ik holpen troch Eelke Brolsma. Der wie noch rûmte by him yn it hús. In flat, wêr’t al twa minsken wennen, mar troch it timmerjen fan in wand yn in hoekkeamer kaam der sa’n 14 m2 frij. Der wie oangeande Bernlef gjin wei mear werom.
Boele begjint te praten. ' No, dan mar in goeie nacht'. Westerhof andert mompeljend. Hy wie it dy't it meast oandien wie, doe't de blauwe miggen rûn 5 oere opdagen kamen by Hurdegaryp. Fanút de ferbouwing wie ik foar it bloksetten. Weakens fan leden wie noch in hot item. It wie bûge as brekke. Sa kaam ik rûn 23.00 oere oan by kaffee ' De Roskam' yn Bûtenpost. Wylst ik my der de wylde ponykapsels en pleatselike Frans Bauer fans op my ynwurkje lit, hear ik it motorblok fan Meile Terpstra's terreinwein. Ik hie sjablonen, Boele spuitbussen. Marcel min of mear de koördinaasje. Bûtenpost wie samar dien, Feanwâlden ek en yn it plak wêr't de Fryske taalstriid wol ris earder sintrum fan argewaasje en opskuor west hat (wie it no Hardegarijp as Hurdegaryp) waarden wy ynrekke. Net mei hânboeien, wol nei in sel.Nee, dit hat neat mei weakens te meistjen: dit is wer avontoer! Ik balje myn fûsten ûnder it hynstekleed: ' Dat ik dit mei meitsje mei'. It sil wol goed ôfrinne, wy binnen bygelyks gjin Cambuur supporters dy't earder dy wike ynrekke waarden omdat hja op Fean supporters ynsloegen. Dochs?
Aventoer is by my ynmiddels in kaaiwurd wurden en derneist de ferwondering fan it spesjale as it bysûndere, wat samar eltse dei plakfine kin! It is myn basis fan enthousiasme en positivisme. 9 moannen Austraalje en Nij Seelân hawwe my net allinne reisgek makke, mar ek ôfstân nimmen leart fan it betreklike en burgerlike Nederlân. Treffender kin it net sketse doe't ik nei de URK reis fan 2004, ien hiele dei mei Arjen van der Meer nedich hie om troch Itaalje en files yn Eastenryk te liften, de selde tiid nedich wie troch hiel Dútslân mei stau rûn it F1 sirkus by Hockenheim, mar ek yn hiele dei om fan Arnhem nei Grins te liften. Dizze benaudens, egoisme en koartsichtigens kaam ik by Bernlef ek wol ris tsjin en past net by it type minsk wat ik bin. Dat set dy wol ris oan it tinken en soarget foar learmominten.
By Bernlef learde ik mear en mear minsken kinnen en foarme de ‘Partysanen’ wol in haadbestândiel fan in perioade. Maartje koe ik fansels al, mar al rap kaam ik der efter dat Martha in motor wie efter dizze rûnte. In ploech minsken dy’t in bysûnder nocht hie oan foute feesten. Te tinken falt oan: Piratenfeesten, Tintfeesten yn tinten fan Van Kammen, Sûpfeesten om mar in soart te sûpen, Griet Wiersma fanklupdagen, ensfh. Ek Jan ‘Kringloop’ Brolsma hearde hjirre by. De basis wie oan it begjin fan de simmer al lein, mei in BBQ by de Reitsma’s thús en in ‘Nacht der Giganten’ feest yn Âldstjerk. By de FFJ siet ik yn de APK, in hilaryske kommisje wêr’t de magy fan de ferskate persoanlikheden ús hiel fier brocht at it gie om it organisearjen fan aktiviteiten en PR.Grins waard al wat gewoaner en ik seach dat ik faker en mear fan dizze stêd learde en wist.No wit ik alles. Ik wit hoe it ôfrinne soe.Om earlik te wêzen wie Grins foar my doe.
Mei de ALO rûn it fierder wol en ik koe hast ôfstúdearje. Op Bernlef, mei Âldjiersdei, setten wy as de Partysanen, in foar de klup in unyk Âld&Nee feest del. Ik fielde my hjirre mei ferbûn. En doe’t der in tiid oanbruts wêr’t der in nij bestjoer socht wurde moast, bleek ik fan ferskate kanten oantrúnd te wurden om my hjirre mei te bemoeien.Mei it each op in jubileumjier mar fral de opgong fan aktiviteiten, middels, oantal nije leden en de positive útstraling fan de simmerske ferbouwing woe ik dy ferantwurding wol nimme. Mits der minsken mei my wiene dy’t it selde fjoer hiene en de kar falle litte woene op in jier ynsette foar de feriening. Yn stee fan in bestjoersbeurs op strike, CV building en fan út histoarysk besef úteinlik dyn namme werom fine yn list mei bestjoeren.
Dizze feriening fertsjinne in serieuze oanpak om alles wat opboud wie, net ôftebrekken. Earder hie ik, at it om bestjoeren giet, ta ynsicht kaam dat it giet om : Iepenheid, Dúdlikheid en Earlikheid.
Sa stelden Ids, Femke, Eelke, Jan en ik ús beskikber. Nei in drege tiid, rûn de ferkiezingen, wêr’t de naute fan Bernlef foar my hjir en dêr dúdlik waard, keazen wy it romme sop. Wat folgde wie in jier wêr’t ik dan einliks folwoeksen waard. Dat moast ik wol as foarsitter. Mar it hat altyd in offer west. De backpacker, de ALO-er yn my koe ik net herkenne. It lef wol: Der kaam in histoaryske lustrumrevu en in unike ferkiezing ‘Wa’t de ferneamdste Fries’ wie út. Plus de rest!Mei in bytsje bluf en enthousiasme sjogge sels stjugge Bernlef dat sy wat waard wêze kinne: Der wie in bysûndere spirit te fernimmen, in waard in fruchtber jier en dat alles mei it motto: Bernlef Brûst!
It moaiste geskink wie it rekordtal leden, de measten mei bliere gesichten.In protte freugde en lol waard binnen helle! In grutte beslutsenens, in slagge yntegraasje en smoardrokken aktiviteiten. Der waard sels troch guon sein: it giet te goed mei Bernlef. Der moatte minder aktiviteiten komme! It wie in jier lang yn in pak troch de stêd rinne, yn de kunde komme mei boaze eksternen, advokaten, de boargemaster fan Grins en yn petearen altyd wer werom komme op Fryslân. Wy sletten as bestjoer dit jier yn maaie 2005 foldaan ôf. En úteinlik mei in soad ekskúses: Wie hiene yn it begjin mear fertrouwen ha moatten!
Dizze ploech hat in jier lang myn efternamme brûkt om werkenber nei foaren te stappen: in komplimint!
Op it einde fan de gong begjint in frommeske hysteryske berneferskes te sjongen. Undertusken jankt se, ' Dy doogt net' tink ik. It makket my ek wat huverich. Is dit it waard west om fia 'De Roskam' noch nei ' De Hossebos', dy Ringobar yn Feankleaster mei hite 16 jierrige famkes, 'Bar dancing Piet Prins' ússels fol te jitten, frikandellen te iten en no hjirre te belannen foar de goede saak? Lokkich is Boele net pakt foar alkohol efter it stjoer. Ach, letter sil ik hjirre om laitsje. En ik besykje te sliepen.
Laitsje kin ik no, mei myn cappuchino en laptop op it terraske mei it útsicht oer de Indyske Oseaan. Ik bin yn Perth en it is waarm, werom yn Austraalje. Dit lân is in stikje fan my. In irritant ynstinkt lûkt my hjirre hinne. De sirkel is rûn.
Yn it fleantúch passearden noch flitsen fan in hysteryske Anneke Douma tidens de finale fan de Ferneamde Friezen, APK gearkomsten, Yllegale soasjûnen nei in bestjoersbuorrel mei Fleks en Dizkartes bestjoeren, De lêste KEI wike wêr't ik mar muoisem it âlde plak los litte koe en sadwaande nei it Einfeest pas om 11 oere thús kaam, iterijen by leden thús en in steande ovaasje fan Huize Maas nei de Lustrumrevu.
It liket der op dat Bernlef de wei, oangeande leden en sfear, wer omheech fûn hat. Ik bin my altyd bewust west fan de histoarje fan FFJ Bernlef, mocht graach yn âlde boeken sneupe. Ik wol jimme mei jaan, dat wy op it stuit yn in hiele goeie perioade sitte, sitte kinne. Myn perioade hat in gouden west.
Ik wol de skriuwster freegje om myn status, oant ik werom kom, te feroarjen yn lid ôf.
Wêz Grutsk,
Wêz Bernlef,
Leaver Dea as Braaf,
Fair Dinkum!
Jimme,
Douwe Gerlof
Perth, Western Austraalje 27-09-' 06
Leave minsken,KABOEM! It jitiizer foarmet mei in klap ien gehiel mei de keale betonnen muorre. Yn de fierte wurde fuotstappen wei op in gong.No't ik de romte op my ynwurkje lit, sjoch ik my my aanst deljaan op in simpel bêd. De wc pot is fan kil iizer en ik bin krekt ynljochte oer it trochspielen der fan. It is een betide sneintemoarn yn augustus en ik freegje my ôf: wêr bin ik yn himelsnamme oan begûn.....

Reacties
Een reactie posten