Foarich jier wie ik krekt in pear oerkes yn Deventer, doe't dêr it Dickens festijn wie. Ûnder it mom fan: ' Dit smakket nei mear', giene wy, famylje+ fam. Oelen, as in Mystersyspel Deinum delegaasje, ôfrûne sneon, nei de Ferrari ûnder de Hollânske krystaktiviteiten.
Dêrom is it der smoardrok en komst BN-ers tsjin, lykas Frits Spits. Yn dizze twa dagen, binne der 750 proffesjoniele figuranten en 70.000 besikers. Nei twa oeren wachtsjen yn de rein (de sneins soe it nóch drokker wurde), waardest talitten yn it spesjaal ôfsetten Anton Pieck gedielte fan it âlde Hanze stedsje. De tip is, om net as in púst útknypt te wurden yn de earste meters fan de ienrichtings route, mar drekt rjochts ôfteslaan en yn in taveerne sitten te gean. Zo geschiedde die dag. Wêrom is it leuk, net burgerlijk as oubollig?
Hiel simpel: Der binne mei dit spektakel in tal minsken dwaande, dy't mei syn allen, hiel proffesjoniel en dochs fergees, op in enthousiaste wize de stêd in dikke iuw werom draaie te witten! Hulde. Seker it toanielspul, wa't hast op eltse fjouwerkante meter plak fynt, is super en ferbazend!Dêrom is it der smoardrok en komst BN-ers tsjin, lykas Frits Spits. Yn dizze twa dagen, binne der 750 proffesjoniele figuranten en 70.000 besikers. Nei twa oeren wachtsjen yn de rein (de sneins soe it nóch drokker wurde), waardest talitten yn it spesjaal ôfsetten Anton Pieck gedielte fan it âlde Hanze stedsje. De tip is, om net as in púst útknypt te wurden yn de earste meters fan de ienrichtings route, mar drekt rjochts ôfteslaan en yn in taveerne sitten te gean. Zo geschiedde die dag. Wêrom is it leuk, net burgerlijk as oubollig?
Nee, mei Paulusmareizen nei in Dútsk, druilerich stedssintrum mei blokhuttekramen: dat liket my neat.
Steeeeeds weer
Sawol de hinne en weromreis, blêrden Nick en Simon troch de autoboksen.
Steeeeeds weer, dan zie ik je looooopen.Wat nedich wie: de jûns, foar it earst yn in lange tiid wer nei it Holt. Want dêr stiene de Volendammer sjongers, 40 minuten lang te sjongen. Wy songen dus ek mei. Sy hiene bêst noch wol wat langer sjonge mochten: net alle nûmers fan de cd kamen foarby en der waarden sels covers songen (BLØF, Guus Meeuwis).
Ach, de 14 jierrige famkes foaroan, hiene faaks de jûn fan harren libben én Anna en ik ek.
Yn de twadde rij, krekt efter de bakfisken, stiene de stjonkdieren en de Hemakuiven. Dêr wer efter de froulju mei de te koarte himkes, dy't just ien en oar maskearre moasten...
Mei 'Verloren' waard it ôfslúten, de beide hearen stappen fan it poadium en ferdwine troch de needútgong, wêr't fêst in ronkende auto mei byhearende sjauffeur stie. Hja moasten noch nei de Kruisweg, dyselde jûn.
Ik konkludear: Nick liket minder arrogant dan dat hy earst oerkomt, Simon song te heech.
Myn krityske fraach: Wêrom sjonge jimme, stoere/ hippe kearels, ferskes mei in heech Frans Bauer&Marianne Weber gehalte?
Moarn mar wer efkes de alkohol derút drave.


Reacties
Een reactie posten