'Nee, dat is west'
Anderde Ids. Ik him frege at hy ek nei buordoarp Weidum gean soe, oankommend wykein.
'Wêrom gean ík eins?'
Roekrock (hiel tapaslik dizze namme: de Weidumers wurde ek wol roeken neamd) stiet foar de tsiende kear op it programma. En ik bin der wol faker west. It is eins ek in tintfeest yn in doarpshûs. In tintfeest wat gjin tintfeest wêze wol.
Ik bedoel mar.... De hiele Lege geaen rint leech, Littenseradiel, de diehard Deinumer stappers, alles wat wat hat mei Fryske muzyk, oare wanhopigen dy't noadich in (boere) feint/ faam skoare wolle.
Ja dat hat west.
En ik hie der, foarútsjoend op myn werom komst yn Sydney, wol oan tocht. Mei Roekrock bin ik der ek by.... De ôfrûne jierren is it der altyd super. De muzyk ferrast (ferline jier stie IOS der) dy en it folk is krekt wat oars as oars. Puurder. En it is der smûk. De fibraasje is goed, litte wy it dêr op hâlde. Ik sil der dus sneon by wêze, mei Martha, Mei Grietsje, mei Pier, mei Berber, mei..........ful mar yn.
Reacties
Een reactie posten