Doe’t de katakomben in draaibar krigen

It gie mis doe’t de gûne in Euro waard en doe’t de Blauwe Engel in draaibar krige.



Kees mocht freed syn jierlikse skjinmakmoarn belibje en seit:

De geur fan no docht my tinken oan in tiid, yn in fier ferline doe't ik begon mei studearen… de bettere rekkenaars ûnder jim kinne it jier dat ik begong bin hjirút ûngefear ûnlede. Wy kamen doe faaks yn de Blauwe Engel.

Dat wie noch yn de tiid foardat der draaibarren wienen, en dat je der noch in garderxf4be hienen wer je de jas ophingje litte koenen. Wy hongen dan op tongersdei om in oere as âlve de jas op yn de Engel, wxearnei wy fuort gebrûk makken fan it pykoere. Dit wie foar de dúdlikheid noch yn de tiid fan de ien gûne foar in plastic gleske evenemintenbier.

Hjirnei gongen wy dan de stêd fjirder yn, de draaibarren fan De Drie,
De Molly Malones foar safier at die in kear net fallyt wie, en it Feest. Wat in tiiden minsken. Oan it ein fan de jûn wienen we eltsenien kwyt mar we wisten noch wer wy de jas litten hienen. Gewoan op’ e noas ôfgean, koe noait misse. Faaks kamen wy elkoar dan yn de Blauwe Engel wer tsjin.

Dronken, mei in famke, dronken en mei in famke, nei mislokte pogingen om in famke te fersieren, en dronken nei mislearre pogingen om in famke te fersieren, fyts kwyt, dronken en fyts kwyt, it paad nei hxfas kwyt en mar wer werom gong nei de Engel, eltsenien kwyt.
Mar hjir kamen wy elkoar dan wer tsjin, we rukten wer de âlde fertroude stjonklucht dy't no al jierren net mear yn de Engel falt op te snuven.

De âlde geselligens, dy't nei de ferbouwingen en de draaibarren nea wer sa west hat. We stonken as in deade mud yn wyn, mar wat hienen we in jûn han!

Reacties