"We zijn hier niet in Heerenveen!!" roppe twa sletterige famkes xfas djip yn de nacht nei, op it Ruiterskwartier yn Ljouwert. Is dit is bysûnder slechte ien april grap? Nee.
At sy ús ynhelje, roppe sy: ‘Uit welk dorp kom je vandaan, boer?’
"Fan hokker raam komsto efter wei, hoer" tink ik, wylst myn tillefoan noch hieltyd it ‘Samar in momint muzykje’ fan Hea tettert. Grietje D. rint mei en wy bliuwe melich. Wy praten Frysk dus, en dat waard net tolerearre.
It is wat in kultuershok, mar dat wie it tema fan de jûn dochs al. Wat sis ik: Fanôf tongersdei al.
Mar dat ferjit ik efkes, sjoen nei de nacht fan 1 april.
Want hoe is de link ‘Teake van der Meer/ Griet Wiersma’ nei Mijn Tent is Top tent Doozo? It kin yn Fryslân!
De jûn begûn nammentlik oer foute eksuzes, plysjes dy’t bekeurings útskriuwe, sliepslekken, drank en oer te let thús kommen fan Lytse Teake op de boppeseal fan it Jorwerter kafee. Ek Griet Wiersma die it sprekwurdlike duit yn it pûdsje. En wat in artyst is dat hen?!!
Sels tredde tsjil oan de wein, Minze Dykstra, gûelt ‘Onvoorstelbaar!’ droech. Sa’n 2 oeren âlderwetsk dijenkletsen en bulderje, tusken de Jorwerters.
"’Alkoholleas bier is it selde as in bh oan de waskline. It lekkerste is der al út"
Proest, gniffel, hehehe, ‘dy Teake dochs’.
Ja dan is it dochs in grutte stap om fan de âldewivehumor nei de Toko to Be te gean. En Grietje en ik kamen dus foar it earst yn de DOOZO, want wy koene ús nijsgjirrigens wó betwinge. Yn Deinum ropt men dat hiel Ljouwert der al west is. Nei noch is mislukte jamsesje yn Scooters, eindigen wy de jûn yn in extra foute tent yn de Hoogstraat. Nei in poging de boel wer op de rails te krijen (ik freegje Griet Wiersma oan), litte wy de jûn oer ús hinne gliidzje, sûnder stout gedrach!
As it moat wêze dat wy de roze gasten konstant lestich falle mei de grap ‘Dyn fiter sit los’. Want ja: it wie tolve oere west! Op ‘e nijstêd komt G. op it lumineuze idee, om it Omrop Fryslân muzykje fan HEA op har mobyl heare te litten. Sadat wy troch de Doelesteech ‘samar in momint hawwe’. Om fjouwer oere, nachts.
Stuiterjend slalomme wy tusken de, yn grutte getale, oanwêzige plysje lâns.
"Hé, jo fiter sit los"
Pffrrr

Reacties
Een reactie posten