I GlAMrock: I cAMp

Yn de jierren nul, sjogge werom op eardere tiden. Hieltyd werom en werom komme saken dy't wy al ris earder mei makke hienen. Ik stelde dit al ris, mar eltse dei sjoch ik der mear foarbylden fan. Sa ek de Glamrock. Aieeeee, Oehaaaaa!



It wie eartiids Queen, Abba, Gary Glitter (alleen je naam is mooi), KISS, Elton John en David Bowie.
No binne it the Scissor Sisters, Mika en heare wy hege glamrock stimkes yn Gym Class Heroes - Cupido's Chokehold en Sweet Escape fan Gwen Stefany.
 
En it is behoarlik camp te neammen, neffens de kritisy.

It begrip 'Camp' koe ik dus net. Mar jin heare it faker. Camp is bewust gebrûk meitsje fan Kitsch! Hearlik! I am Camp! Martha R. is myn bûnsgenoat!

Q-Music's foute cd's binne prima! Anita Meyer? Wat in artyst!
Stiekem de âle LP hoezen bewûnderje mei hiele foute bazen lykas Rex Gildo, Piet Veerman as James Last. âlde songfestival platen.

Zigeuner jongen met traan; fielst dy drekt thxfas yn it kafee wêr't hy efter de taap hinget. Mar ek deselde passie foar Modern Talking, Abba en it hiele repertoire fan Lee T. Heldeferearing rûn Rommy en teloarsteld wêze at sy dy plaat net draaie wolle yn de DoeleBar (oer Camp sprutsen).




Want jaaaa. Der moat ek Fryske Camp wêze. As soe it Kemp, hjitte moatte?
Anyway, ahoeeaaa; Griet Wiersma is Kemp. Sy sjongt best aardich hear. Mar dat hier he?! Dat makket it ôf.

Rommy wie ek genxf4ch Kemp. Wat wie ik teloar gesteld dat hy net yn in iepenbiere begraffenisstoet troch Ljouwert riden waard. Moai mei in Mercedes yn in wite kist mei messing rûntsjes en reade plestik roazen. Hepie en Hepie!




Ja, der is Fryske Kemp! Ik gean myn Kempeagen ris wat mear iepenje yn Fryslân.

Reacties