Foar de Windesheim kampus stap ik út de frachtwein, dy’t in oere lyn stront levere hat yn Deinum. Mei de 19-jierrige sjauffeur (fansels hâldt hy fan de Piraten) bin ik nei Swolle riden, hy set my hjirre ô omdat ik nei de iepen jûn gean. Ik wol my ynformeare litte oer de deeltijd stúdzje ‘Journalistiek’.
Ik rin hjirre in âld ‘autisten-opfang’ kollega tsjin it liif, wêrr’t fan de freon ék ynterresse hat foar dizze trije jierrige opleiding. Yn de skoalbanken wurde wy bypraat oer it ferrin fan de stúdzje. It is in fral technysk ferhaal oer punten. Mar de 20 oanwêzigen mei journalistieke ambysjes, rûke dat der eat wat net yn de haak is. Der komme fragen.
‘Hoe kin it dat it trajekt louter gean sil oer de skriuwende media, wylst der minder wurk yn te finen wêze sil’.
‘Wêrom is der sa min oandacht foar multimediale media? En foar radio en tillevyzje wurk?’
en: ‘Is der wol sprake fan differensjaasje?’
De bêste man bliuwt ferhalen opheljen oer de deeltijd studenten fan no en hokker staazjes sy wol net rinne.
úteinlik lit er him ûntfalle:
"Wij in Zwolle geloven dat alle begint met goed journalistiek schrijven."
En de dooddoener: "Het gaat om jou. Je zit hier niet voor ons"
Ik konkludearje datsto trije jier te krijen hast mei in skriuwende oplieding. Omdat de measte deeltijders wol wat libbenserfaring hawwe, sille sy ris flink wat journalistieke, skriuwende feardichheden by brocht wurde.
Om sa, oan it ein fan it 1e deeltijd jier, in mini krante op Spits formaat meitsje te kinnen.
Bin ik te ambitieus, of hat de gearstaller fan it trajekt te weinich fertrouwen?
De jûns bedarje ik yn Grins. Jan S. giet foar in healjier nei Austraalje. Omdat ik weinich fertrouwen ha yn de muzikale diel fan Bernlef, naam ik wat Ozzie CD’s mei. En foute jierren njoggentich muzyk.
De oare deis kom ik yn de bus tsjin de tekst tsjin: "Vraag aan jongeren om voor u op te staan."It moat dochs net mâler wurde! Hat it Grinzer OV bedriuw gjin fertrouwen mear yn de jeugd fan tsjinwurdich? As yn de opvoedende macht? Beppes moatte sels no harren ferantwurding nimme!

Reacties
Een reactie posten