Deathly Hallows soe samar út de CDA stâl komme kinne

"Hjirre! Hast dizze wol ris lêzen? Ja, toe mar…"Sa krige ik yn 2005 it earste Potter boek yn myn hannen treaun. En ha ik it dochs lêzen.
Nijsgjirrich as ik bin, kocht ik ferline wike (foar it earst) boek 7: ‘Harry Potter and the Deathly Halows’, dy’t ik krekt útlêzen ha.

Fan hypes krij ik omheech steande hierren. Geen polonaise aan mijn lijf. Dochs binne de Potterboeken ferhalen dy't passe, binnen myn doelgroep (hjit dat net ‘aanpassen bij de beleefwereld’ ?)



Diel ien wie: net te dik, yn it Hollâsk en mei de film dernei, maklik te begripen. Ik lei wol in oantal jier efter. Ferline simmer hie ik alle 6 dielen útlêzen. Harry Potter en syn ferhalen binne fan boartilik spannend feroare nei serieusk spannend. Mei in flinke poarsje moraal.
Skriuwster J.K. Rowling hat tidens it skriuwen fan diel ien al lang witten hoe at dizze searje ôfrinne moast. Hiel knap is dat, omdat sy dernei noch 6 boeken skriuwe moast en yntusken in toverboek fol figuren opdrave liet, ferskate plotten skreau en djiptelinen betocht. Nei De Relieken van de Dood is dat allegearre opheldere. En dat korrekt en net raar betocht.

Yn 1998 kaam it earste diel ú, in rissultaat fan in treinreis tusken Manchester en London doet "de haadfiguren ien foar ien yn myn holle opkamen". It earste boek waard yn in soad lannen lêzen en krige bekroaningen en prizen. Der kamen films, nije dielen en nei dat ek folwoeksenen de Potter boeken liezen ûntstie der, wat wy no better kinne as, ‘PotterMania’. Der is sels in Fryske Potter.



Rowling is in talintearre fertelster en de lêzers (ik wol yn elts gefal) draaie de bledsiden yn rap tempo om. Seker yn dit slotstik. Yn in einddiel lit Rowling de measte figuren en earder belibbe avontoeren werom komme, en is de ferhaalopbou net bot oars as de eardere dielen. It hat in apokalyptyske sfear en hat elts haadstik wer ferrassende ûntknopingen. Wa’t earder de boeken al aardich fûn, sil dat ek fan dit diel fine.

Wa’t it mar sa sa fûn, sil dat faaks ek fan de Hallows fine. Literatuur is it net. It is in jeugdsearje mei in soad Grutte Minsken ûnderwurpen.  De eardere tematyk fan Halfbloedjes dy’t ûnderdrukt wurde troch de Dark Lord, krijt op ‘e nij wendingen en jouwt learkreften in fantastyk middel om oan bern út te lizzen hoe’t de Joaden, (Zigeuners, Homo’s) harren field hawwe moatten yn de oarloch.

In soarte fan Gestapo wurdt opfierd yn dit diel. Mar boppedat komme sterke wearden as ‘leafde’, ‘opoffering’, ‘trou’ en ‘gesin’ hiel bot werom yn it diel. It soe samar troch de PR apparaten fan it CDA skreaun wêze kind. Harry Potter, Ron, Hermelien, Perkamentus/ Dumbeldore binne begrippen, it is de berte fan in betochte wrâld dy’t ferân wurdt oan it begjin fan dit Millenium.

Haadpersoanen wêr’t nije minksen, bern, en berns-bern mei yn ‘e kunde komme sille. Ferhalen dy’t passe yn de rige berneferhalen fan Oliver Twist, Pipi Langkous, Peter Pan, Winnetou en de Kameleon tichterby hús. 

Bravo Rowling! It sit derop. Well done!


Reacties