Fergees fan Deinum nei Parys? Dat kin!

In raamke fan har auto draait omleech. Ria Mous freget wêr’t wy hinne sille. Ús stik karton wie oars net foar neat make. ‘Parys’ anderje wy. “Mar wy wolle earst rjochting It Hearrenfean.”




Spitich, Ria moat in oare kant op. Wy stean tegearre by de foarste Deinumer drompel ern oan it betide wurkferkear te sjen, hawwe de measte Deinumers noch gjin fakânsje. In jone âld Deinumer hat grif de bern by syn  heit en mem brocht en swaait nei ús at hy de bern wer út riidt. It is begjin july, kertier oer sânen moarns.


 De Volkswagen fan Titia Sijbrandi riidt ús foarby, sy sjocht ús omheech stutsen tomme mar oan  har hân te sjen kin sy ús net helpe. Út It Mennerdahôf komt Yvonne van Dijk oanrinnen. Fansels begjint it petear oer ‘wêrom wy mei dizze grutte rêchpûden sá betiid oan it begjin fan Deinum stean.
“Wy wolle liftsjend nei Parys”.Yndie, yn ien dei!



Yvonne carpoolt mei in Rypster en at dizze man har oppikt bemiddelt sy foar ús. De beide meiwurkers fan it Ljouwerter bedriuw sille ús earste auto wurde.
Lifters mei nimme is faak in synonym foar ‘gefaarlik’. In tomme, oan de kant fan de dyk, omheech stutsen, foar: ‘problemen.’ Dat moast leauwe atst der mei automobilisten oer praatst. No ha ik (DG) der noch nea spyt fan hân en is myn erfaring dat de mearwearde ta in sûne ferslaving liede kin. Hjoed nim  ik, nei lang trochseuren, myn jongste suske mei.

Yvonne sjocht alfêst út nei har fakânsje, dy’t net fier fan hús wêze sil omdat de hun siik is. Se droppe ús ôf by de Mac fan Goutum. Wy stekke de dyk oer nei it tankstatsjon. Hjirre stoppet Titia S. efkes letter. Se moat nei Drachten en kin ús sadwaande net meinimme, mar winsket ús in soad súkses. Krekt nei acht oere sjitte wy in man mei in djoere auto oan. At dizze Martin klear is mei it tanken kinne wy mei. Oant Wolvegea. Wy prate oer de kwaliteit fan molke en dat kij sadwaande wol as net buten greidzje moatte. Martin dy’t haad ynkeap is fan Friesland Foods is, lykas ús, fan fan Foppe. Foardat wy it foargeande jeugd EK besprekke wolle, stean wy wer by in tankstasjon.

Mar wy treffe it. Wy treffe Teake, in fertsjintwurdiger yn slypstiennen. Nijsgjirrich prate wy oer de karrière fan de wynwenner fan Ljouwerteradiel. “Wij krijgen restdiamanten van Swarovski, ons bedrijf is van origine ook Russisch.” Wy fertelle oer ús sportive eftergrûn. ”Ik voetbal bij Blije” en wy wurde krekt foarby Swolle útsetten.  Bûten fine wy dat wy mei him ek wol Frysk prate koene.
Liftsjend is neist it ekonomyske aspekt, wat fansels drekt oanhelle wurdt as positieve bykomstichheid, ek in aventoer. Jin witte ommer nea wa’t dy meinimt. It aardichste fan liften is dat der altiid moaie ferhalen ferteld wurde. Do krijst in lift fan in ynteressante persoan. Leafhawwers, minsken mei in passy, in ferhaal. Of de bestjoerder hat eartiidsk ek de tomme omheech stutsen……
In reuzelift bringst ús fan Swolle nei Gorinchem. Wylst de fertsjintswurdiger yn feestartikelen eins mar oant Nieuwegein hoecht te riden. It petear dat wy hawwe sil holpen, dat wy wat fierder as bedoeld reitsje. Nei in opsomming wat der mis is mei Nederlân (jeugd, opfieding, moraal), begjint d’r feestlik te fertellen oer syn wurk en libben. Hans hat altiid yn Utert wenne en kin de hiele provinsje. Úteinlik hat de (hege) huzepriis him nei Drinte dreaun. Neist syn hús fokt hy mei Dobbermannen.
Tidens de rit krijt de reserve Drint in tal fan tillefoantsjes, wylst wy súdliker en súdliker ride. Op ien fan de tillefoantsjes reagearret hy wat oars as oars. Letter, yn Gorinchem, sizze wy tsjininoar dat wy net witte wolle wat fan dame dit wie oan de tillefoan.

De flinke katalagus fan ballonnen en ynpakpapier, bedarret yn de jiskeamer, at de lease auto fan Hans út it sicht is. Mear rûmte yn de bagaazje, ferheget de oppikkâns fan in lifter. Wy pakke de Euro atlas derby. Hoe wolle wy fierder? Graach fia Gent nei Lille! It is healwei tolven en it giet goed! Freegjen  om in lift is in rappere wize dan wachtsjen op. Anna freget in man, dy’t letter direkteur blykt te wêzen en sich net skammet om op de camping te stean.

Hy moat nei Brussel foar saken en kin ús foarby Antwerpen bringe. Úteinlik reitsje wy sa yn België. De 40+’erhat tegearre mei syn kompaan in bedriuw yn wettersuvering. Tige spreksum is er net, mar wat hy seit is oprjochte en nei in healoere riden, fertelt hy dat ‘als jullie er niet zo normaal uitzagen’ hy ús net mei naam hie. Litte wy der foar dit momint bliid mei wêze….. Nei Antwerpen winsket hy ús in soad súkses en in protte nocht yn de ljochtstêd. Ynmiddels binne wy bypraten troch in leafhawwer fan Parys, dy’t ek noch in binnenfeartskip hat, dat troch Noard-Frankryk fart.
Foardat wy mar in stik bôle ite kinne, rinne der twa studintikoaze jongens op ús ôf. “Aan het liften? Waar gaan jullie naar toe?” Wy prate de twa Utrechters by oer ús liftplan en merke dat de bestjoerder ús wol mei nimme wol. De byrieder hat wat minder nocht.  Sy moatte nei Biarritz en sadwaande fia Parys. Neidat de twa jongens kofje helle ha, seit de byrieder dat der eins gjin plak is. Harren auto is ek net sa grut. Mar de kans is da grut!
As in follearde diplomaten prate wy en sjogge romte op de efterbank foar twa Friezen mei grutte tassen op de skoat. Foar in pear oeren. Wy belove fersichtich te dwaan mei de kompjûterspullen dy’t op de efterbank lizze. De bestjoerder nimt ús mei, as wie hy de Barmhartige Samaritaan.

De twa Kristelike studinten binne lid fan dito studinteferiening. Oare leden sitte al yn Súd-Frankryk en hawwe surfplanken meinaam. Se sille twa wiken op de planke stean. Wy diele ús Bakker Sybesma broadsjes mei har. Wy stean in pear kear stil op in tankstasjon en skûlje tagelyk foar it wetter dat út Noard-Frânske buien komt. Ik freegje my ôf, wylst Stef Bos út de boksen komt, wêrom’t studinten sa graach nei Hollânske artysten hearre meie……..




Om 16:30 oere sette de twa jongens ús ôf op sa’n 20 kilometer foar Parys. Mei twa Frânsmannen reitsje wy sûnder mar ien wurd te sizzen yn in foarstêd fan Parys. Dêr pakke wy de metro. Wy binne yn de haadstêd fan La Douce France. Foar beide de earste kear yn ús libben. En dat fergees fanút Deinum. Op in terras mei in bierke, wachtsje wy om healwei seizen op Regine, ús gids yn Parys.
(Nei fjouwer nachten Parys, sieten wy noch fjouwer nachten yn Nice)




Reacties