Juster waard mei dûnsjend folk ôfskie naam fan it Wilhelminaplein, âlde styl. It Saailân giet op ‘e skop. Yn 2011 moat it projekt klear wêze, in grutte yngreep dy’t der ta liede moat dat it Ljouwerter stedshert fleuriger wurdt, mei mear status en alluere. De grutte fraach is: Is de yngrypende oanpak wol in ferbettering?
Betinkingen
De haadstêd fan Fryslân moat fansels ek wol. Drachten wol de kommende jierren harren profilearje as kultuerdoarp en hellet lykas Sportstêd Hearrenfean aardich wat ûndernimmers (en dus jild en banen) binnen mei harren ekonomysk geunstige A7 sône. De katalysator fan dizze fernijingsdrang is Abe Bonnema, dy’t nei syn dea yn 2001 in legaat fan 18 miljoen euro efter liet. Hy liet fêst stelle dat it jild allinne frij komme kin foar in nij te bouwen Fries Museum. Dat perfoarst oan it Saailân stean moat.
In referindum oast by dit polityk drege ûnderwerp, der wienen in tal Liwwarders en aksjekomitees tsjin, útslútsel jaan. Want wêrom soenen jo beslúten nimme oan de hân fan in tafallich foarby kommend legaat? Passe elitaire winkels op in folksplein? En: Wurde histoaryske gevels net oantaaste oan de noardkant?
Nuver is dat de eksakte ynhâld fan de brief fan Bonnema noch net iepenbier west is. Mei in oantal foarbyldtekeningen yn de holle, koene de stedsbewenners foar as tsjin stimme, mar it referindum helle net de kiezersdrompel, sadat it gemeentebestjoer los koe. Ferline wike is it akkoard tekene. Ljouwert krijt har winsklike ekonomyske én kulturele ynjeksje yn har nije binnenstêd.
Ambysje
Al bin ik gjin ynwenner fan de stêd, as Deinumer kaam en kom ik der faak. It oanpassen fan it plein hat myn stim. Op hoe mear plakken ik kaam op ‘e wrâld, hoe mear it Saailân my tsjin stiet.
Wêr binne de terrassen? De minsken? De sfear?
Mar ik wurd hielendal enthousiast no’t it Fries Museum ferhúzet.
Dit is nammentlik de kâns om dit museum ris oan te pakken.
Hat it net de namme fan ús provinsje krigen?
No kom ik wolris yn it museum oan de Tweebaksmarkt. En kom der hast altyd teloarsteld wei.
De kolleksje sulver, tekstyl, terpfynsten, skilderijen fan (ja fan wa?) wurdt oanfuld mei wikseljende eksposysjes dy’t tige modern en (faak) abstrakte keunst dy’t ek besjoen wurde kin yn it Grinzer museum. En dat is mar 35 minuten fierderop. Mei de sneltrein dan.
No moat sein wurde dat de Mata Harikeamer thús heart yn in Frysk Museum. En sa is de Pier Pander tentoanstelling goed keazen. Is de romte oer de Terpen ek nei wei te tinken, mar wol fuortstoppe.
Lykas it buro foar nije keunsten. En hoe komme rolstoelers yn it Fersetsmuseum?
No fertelt de webside oer it Nieuw Fries Museum dat harren doel is:
"dat Friezen het Nieuw Fries Museum ervaren als hún museum. Identiteit, geschiedenis en inspiratie zijn daarbij sleutelbegrippen."
Want der sil in soad feroarje, wurdt beloofd.
Mar ik ha d’r in hurde holle yn dat Friezen it troch Hubert-Jan Henket ûntwurpen gebou as harren thús, erfare sille. Litte wy it earst ris omdope ta ‘Frysk Museum’.
Fryske siel
Boppedat is de ambysje ek:
"….het nieuwe Fries Museum het belangrijkste podium van moderne en hedendaagse kunst in Noord-Nederland"Wat te tinken fan de Grinzer fariant? En it Belvédère, yn Oranjewâld? Sa wurdt it NFM middelpunt fan konkurrinsje. Dat is gjin keunst! Dat is keunststof!
It nije Frysk museum soe de siel fan de Friezen fêst lizze moatte.
Lykas dat ik dat seach yn it moaiste museum op ‘e wrâld yn Wellington, Nij Seelân Te Papa.
Wêr’t de Maori ferhalen skitterjend en mei nije media útbylde binne, wêr’t de natoer yn al syn ferskaat in plak hat, de nije ynwenners en de pioniersgeast dy’t te rûken falt en wêr’t fansel in plak ynromme waard foar de Lord Of The Rings.
It nije Frysk Museum soe dy histoarje fan Friezen, de striid tsjin it wetter, de kerstening en it ferset (Kening Redbad) de eigenaardichheden fan sawol Grutte Pier as Abe Lenstra, it bysûnder gewoane fan iepenloftspullen simmerdeis, it hunkerjen nei de Heimat troch emigranten tidens Simmer 2000 fêstlizze moatte.
De rike literaire skiednis fan Theun de Vries oant Hylke Speerstra. It Fryske ferieningslibben en it frijwillich omtinken om inoar sûnder dat it in sosjale druk wurdt. De magy fan de doarpekultuer op de fette klaai en de melagoalyk fan ferwurden streekdoarpen.
De empathy foar de arbeiders fan Domela. De waarmte fan de djipfries tidens in Âlvestêdetocht.
It Fryske rjocht tidens de Hogerhuis saak en Kneppelfreed. Op dat selde Saailân.
Pas op! Litte wy Friezen ús net oerspiele troch de gedachte dat de wrâld nei Fryslân komme moat mei nijmoaderige keunst. Om sa heech fan de toer te blazen en foarút te rinnen op in foaroansteand keunsten sintrum op it Wilhelminaplein.
Wy ha de wrâld wat te bieden.En lit it museum fral sadwaande in moeting wêze. In kontakt mei it ferline en ús wêzen. Sadat ek toeristen derfoar spesjaal nei Ljouwert komme. Dan is dizze meunsterklus it wurdich om oan pakt te wurden.

Reacties
Een reactie posten