Oer in Down Under eftich graveldykje, rydt de auto fan Grietje. It is sneintemiddei 1 july en wy bewege ús nei de kemping anneks biobuorkerij fan Jochem Kwark. It is in boerespul neist de Swette. Dizze feart jouwt de namme oan it iendaagse ‘Swettefestival’.
De simmerfakânsje start hast en at de auto parkeard stiet, moatte de learzen oan. It is oerol drek en der lizze plassen op it net ferhurde paad, lâns caravans rinne wy nei de lytse pleats wêr’t hinnen it paad oer stowe.
"Dit is in beamhuttenparadys" meldt Grietje. Mei it each fan in boeresoan, lûke myn teannen spontaan krom, by it sjen fan de bende op it hiem. Op in stikje lân dûnsje froulju, hjirby geane sy sûnder it gelaat te belûken, troch it wiete gêrs rôljen. Harren wite pakjes wurde OMO smoarch.
Mei EKO rosé en biotsiis lústerje wy nei de simmer soul muzyk fan Souldada. It soe it ienige hichtepuntsje foar my wurde. De soerol (grut watst ite kinst) en it Albanyske aai fan de bar, wurde troch ús noch nei besputsen. In dame hat de lieding en at der wer in ûnderdiel klear is moatte de sa’n 100 oanwêzigen massaal nei it folgjende optreden. Flak by de auto’s trede in drummer en in gitarist op dy’t in foarstelling yn in hokje begeliede. G. wit dat dit D.A.A.N. is.
It giet nearne oer.
Noch stiif fan twa hiele dagen beenham draaie op de TT yn Assen, ha ik wat irritaasje oer de steapel pún mei in lege horekabak mayonaise, neist de skuorre. G. kin in man op Crocs net wurdearje.
In droeg stikje mei in trompetist en in ko dy’t oerfallen wurde troch ‘louche mannen uit het westen’ slút it festival ôf.
Befredigjend? Nee
Bysûnder? Ja

Reacties
Een reactie posten