En wel hierom!
Studinten fan in bûtenlânske komôf moatte lid wurde by Hollânske studinteferienings.Dat meldde ferline wike de Raad voor werk en Inkomen (RWI). Sy soene by in Hollânske feriening folle mear kâns meitsje op in karrière. En it begrip ‘old boys network’ foel. In fantastysk foarbyld fan studintejargon, fyn ik sels.
Want dêr't is it om te dwaan, sizze guon nuldejaars dy’t foar de NOS kamera’s ferslach dogge.
Dat kin ik begripe, want bier is bieren stúdzje is stúdzje. Mar it giet der ek om 'wie je kent, in plaats van wat je kunt'. En de wearde fan in kroade mocht net ûnderskat wurde.
Yn myn tiid by Bernlef, wat fanoarsprong hielendal gjin studinteferiening is (in feriening foarFryske jongerein), wie der ek de rop om it saneamde âlde mannenetwurk, as aldnúteklup. Altearst, by de mear ûndernimmende leden/ âldbestjoersleden. In foarbyld dat foel: ‘At ik in poppe krij, wol ik de kaartsjes drukke litte by in âld-Bernleffer mei in printshop.‘
As: ‘At ik in fiver grave wol, belje ik dy âld rûntemaat dy’t in leanbedriuw hat’
Mar Bernlef hat gjin âldnutebolwurk.Net sa'n ien sa as dy wurket by Vindicat, as wat it RWI foar eagen hat.
âldlede klupkes, dy binne der wol. Losse BV-kes. Mar gjin alomvattend tiizjend netwurk wêr’t de mobiele tillefoans fan elts fol propt binne mei nûmers fan âlde sûpkameraden. Ik freegje my dus ôf: Wêrom hat Bernlef dat net?
In foar de hân lizzende útlis is dat de Bernleffers gewoan net it type binne foar in netwurk. As sy hawwe it net nedich. By in old boys network, moat ik tinke oan de Rotary. Minsken mei saken. Hannel. Eltse deal is in kwestje fangunnen. Hurde sektoren, wxear’t ambtenaren en minsken xfatde soarch net by passe. Mar neffens my is der by Bernlef altys wol ingoeie balxe2ns west tusken alfa en bxeata studinten.
Dande opsje dat hja it net nedich binne. Neffens Kees Verhaar en Yvonne van Westering fan it SGBO, dat ferbûn is oan de Vereniging Nederlandse Gemeenten, wurde "werkloosheid en gebrek aan maatschappelijk succes in Friesland beschouwd als normaal." De tsjinbeweging is hjirre te finen.
Bernleffers rêde harren sels wolen dat is it dan.
Wêrom de gruttere ferieningswol dan? Hat dat mei oantallen te meitsjen? Mear leden oan de taap genereare ek mear kontakten. Mar der leit it net allinich oan. It koar hat in hiele oares truktuer, nammentlik: Hja sitte yn in jierklup, in dispuut. En hja moatte. ûntgriening, eltse woansdei sûpe by yn thús,almanakken fol skriuwe, ensfh. By Bernlef jildt dat net. Vrijheid Blijheid is in kredo oan de Tuinstraat. Itf olgjende hat der neffens my ek mei te krijen.
Atsto lid wurdst by Bernlef, hat it netwerken net de earste prioriteit. Ek net de twadde, de tredde,ensfh. Wolsto letter in baan dy’t in soad jild opsmyt? Dan wurdsto lid by, sis, Vindicat, Albertus. Wolsto letter wat betsjutte yn de polityk? Idem, as skriuwst dy yn by in politikej ongereinorganisaasje. By Bernlef, spilet ambysje trochgeans net sa'n grutte rol.
Want: atsto dyn stúdzje flot ôfronde wolst,wurde jin net lid by Bernlef. De wierheid sil wol yn it midden lizze. Mar in netwurk fan âldleden is grutter dan in befreone klup gelijkdenkenden. En dus makket it net út wa’t jin binne, mar fan wa asto yn bist. En dat is dan wol wer typysk Frysk.
Studinten fan in bûtenlânske komôf moatte lid wurde by Hollânske studinteferienings.Dat meldde ferline wike de Raad voor werk en Inkomen (RWI). Sy soene by in Hollânske feriening folle mear kâns meitsje op in karrière. En it begrip ‘old boys network’ foel. In fantastysk foarbyld fan studintejargon, fyn ik sels.
Want dêr't is it om te dwaan, sizze guon nuldejaars dy’t foar de NOS kamera’s ferslach dogge.
Dat kin ik begripe, want bier is bieren stúdzje is stúdzje. Mar it giet der ek om 'wie je kent, in plaats van wat je kunt'. En de wearde fan in kroade mocht net ûnderskat wurde.
Yn myn tiid by Bernlef, wat fanoarsprong hielendal gjin studinteferiening is (in feriening foarFryske jongerein), wie der ek de rop om it saneamde âlde mannenetwurk, as aldnúteklup. Altearst, by de mear ûndernimmende leden/ âldbestjoersleden. In foarbyld dat foel: ‘At ik in poppe krij, wol ik de kaartsjes drukke litte by in âld-Bernleffer mei in printshop.‘
As: ‘At ik in fiver grave wol, belje ik dy âld rûntemaat dy’t in leanbedriuw hat’
Mar Bernlef hat gjin âldnutebolwurk.Net sa'n ien sa as dy wurket by Vindicat, as wat it RWI foar eagen hat.
âldlede klupkes, dy binne der wol. Losse BV-kes. Mar gjin alomvattend tiizjend netwurk wêr’t de mobiele tillefoans fan elts fol propt binne mei nûmers fan âlde sûpkameraden. Ik freegje my dus ôf: Wêrom hat Bernlef dat net?
Dande opsje dat hja it net nedich binne. Neffens Kees Verhaar en Yvonne van Westering fan it SGBO, dat ferbûn is oan de Vereniging Nederlandse Gemeenten, wurde "werkloosheid en gebrek aan maatschappelijk succes in Friesland beschouwd als normaal." De tsjinbeweging is hjirre te finen.
Bernleffers rêde harren sels wolen dat is it dan.
Wêrom de gruttere ferieningswol dan? Hat dat mei oantallen te meitsjen? Mear leden oan de taap genereare ek mear kontakten. Mar der leit it net allinich oan. It koar hat in hiele oares truktuer, nammentlik: Hja sitte yn in jierklup, in dispuut. En hja moatte. ûntgriening, eltse woansdei sûpe by yn thús,almanakken fol skriuwe, ensfh. By Bernlef jildt dat net. Vrijheid Blijheid is in kredo oan de Tuinstraat. Itf olgjende hat der neffens my ek mei te krijen.
Atsto lid wurdst by Bernlef, hat it netwerken net de earste prioriteit. Ek net de twadde, de tredde,ensfh. Wolsto letter in baan dy’t in soad jild opsmyt? Dan wurdsto lid by, sis, Vindicat, Albertus. Wolsto letter wat betsjutte yn de polityk? Idem, as skriuwst dy yn by in politikej ongereinorganisaasje. By Bernlef, spilet ambysje trochgeans net sa'n grutte rol.
Want: atsto dyn stúdzje flot ôfronde wolst,wurde jin net lid by Bernlef. De wierheid sil wol yn it midden lizze. Mar in netwurk fan âldleden is grutter dan in befreone klup gelijkdenkenden. En dus makket it net út wa’t jin binne, mar fan wa asto yn bist. En dat is dan wol wer typysk Frysk.
Reacties
Een reactie posten