Snits, as a most liveabal city

Ik sit dus noch yn myn lêsshongerperioade. Neist dat ik al in dikke stapel boeken klearlizzen ha om te lxeazen, keapje ik der noch gewoan op los. Sa ek op Rotterdam Airport. De Monocle. In dandy c.q yuppen glossymagazine yn it Ingelsk. De reden: It ‘antwurd’ falt deryn te lêzen op de fraach: "Wat is de most livable city in the world? "

Nei in tal paragrafen fan ekskuzen dat hja dat fansels net bepale kinne fan efter de kantoardesk en in pear besites,  kaam München as meast leefbare stxead on earth derxfat.
No en werom dan, minsken fan Monocle. Ik kin my net oars yn tinke dat der yn de stxead Mxfcnchen froulju mei net aardige gesichten wenje, de manlju graach yn lederhosen rinne wolle en dat der xfbnder it sxfbpen yn biergartens graach nei Ugo Jürgens harke wurdt.
Ok, Ok. Der steane wat fan dy autofabrieken, mar der ha ik neat mei.

De reden: Sy skoare heech yn in rige must haves, ûnder oare:
-Goed iepenbier ferfier,
-Skjinne loft en omjouwing,
-Feilich (basearre op it tal moarden per jier),
-Liberale polityk,
-In grutte ynternasjonale luchthaven flakby,
-De romme iepeningstiden oant de nacht xfat (al wurdt dat as in ferbetterpunt besjoen),
-Genôch moaie natoer krekt bxfbten de stxead.
Twadde waard Kopenhagen en ek Zürich (3e), Tokyo(4e), Wenen (5e) en Helsinki (6e) skoare heech.
Amerikaanske steden (útsein Honolulu) skoarden leech y.f.m. de kriminaliteit.



Mar no wie ik dus mei Grietje yn Snits. It wie myn earste kear Snitswike.
En ik koe my eins net yntinke werom der net folle mear plakken tichtby hús leefber wêze kinne.
Snits, bygelyks:
-skijinne loft,
-goed iepenbier ferfier,
-in homofiele boargemaster,
-amper moarden per jier (duhhhh),
-natoer om ‘e doar,
-aktiviteiten en o nee..
Sy hâlde al mei ien oere mei op muzyk te meitsjen (dat lykas ferline wike yn Frjentsjer mei de PC). Tja dat is dan wer jammer.

En al dy brallende zeiljongen en meiden. Dat is ek spitich. Liveabal ynstee fan Livable, dizze wiken.

Reacties