Kalbarri (Australia), 23 oktober 2006



"In bus fan ‘Western Explorer’ stoppet. Der stappe Hollanners út. De earste Hollanners súnt 3 wike. Rike lju dy’t in privé tripke dogge en der is in Friezinne by. Berne yn Arum, mar wennet nei dat sy troud is mei in Hagenees yn Den Haach. Sy reagearret op my sc Hearrenfean shirt. Ik hâld it gesprek koart. By de spektakulaire Red Bluff kaap hawwe wy lunchstop en helje de Dútsers de thermos iisbak út de Mustang.
Ûnderweis nei it Kalbarri NP stopje wy by in kamielenfarm. Wylst ik mei de man praat meitsje de jongens rap foto’s. By it NP wurde wy net kontrolearre op tickets en ride wy de gravelroad op. It earste útsichtpunt hjit de  ‘Z bend’ en it twadde ‘The Loop’ mei in bekende ‘Natures Window’.  Op de lytse rinpaden sitte lizards en ûder yn de gorge rinne geiten. By it springen en it foto’s meitsjen ferstúk ik myn inkel, mar der kom ik letter pas efter. At wy moaie mominten op de toppen, rinne oer fossielen efter ús hawwe en de sinne fanút de auto ûnder gean sjogge, lit de ‘van’ efter ús in grutte stofwolk efter.''





Reacties