Oeps, ik bin sentimenteel

"Nee, ik kom net thús. Assa."
"Ja, ik ha wol ôfskie naam fan it studinteleven"
"Ik ha genôch oan my sels yn Utert.

.......dat klopt net, ik mis net in sosjaal netwurk"

Gewoan wat antwurden op gewoane fragen tidens it ôfstudearfeest der ôfstudearfeesten.
En dat jouwt ek net, want it wie hiel gewoan, hast leafe, ynteresse. Der bekroop my in gefoel fan sentiment, doe’t ik freedtemiddei fanút Utert (fia Genemuiden, wurdboeksearje ophelje) op it stasjon fan Grins stapte. Hjirre lizze myn foetstappen. In stikje fan my. Ik bin sentimenteel, oeps!
Grins, de stêd wêr't ik doe’t ik foar it lêtst de trein nei Deinum pakte Keane’s ‘The Last Time’ draaide op de Ipod. Ik gie nei Austraalje. Noait wer werom.

En no nei in middei reizigjen troch heal Nederland, werom komme yn Grins. De ghosttown fan studearjend Hollân. Dêr wêr’t it stiekem bart. Sentiment, sûnder derby in nûmer fan Benny Neyman te hearen. Ik wie freed op it ôfstudear feest fan Jan Ale. Oer sentiment sprutsen.
Hy wie dochs de studint yn fleis wurden persoan? Dy stille barkruk oan de taap wie foar de Menamer? De altyd tagonklike studint foar de nije jonkjes en famkes yn Grins? Foar my wie it feest stille tsjuge fan it ferline.

In wederopstanning fan de histoarje. In true sentimental journey. Utlis is net mooglik. Dizze foto sprekt faaks mear dan 1000 wurden.


Reacties