Deinumers, fan tsien jier en âder, hawwe it yn harren bûsboekjes setten: freed 5 en sneon 6 oktober ‘Mysteryspel’.
Op beide jûnen kinne hja meidwaan oan in folwoeksen en it ‘normale’ jeugdspul wêr’t hja mysterieuske figuren opsykje moatte yn de smelle stritsjes en steegjes fan it terpdoarp. Foardat hja it einde helje, binne de dielnimmers hoeden foar gemiene spoeken…..
Yn Deinum wurdt sûnt 1998 yn it wykein rûn fjouwer oktober, it Mysteryspel spile. Yn dit spul foar bern fan 10 oant en mei 15 jier moatte hja fiif ferskate figuren opsykje dy’t de dielnimmers in beproeving dwaan litte. De tieners litte harren moed, gelok, kennis en taast teste om op it ein fan de oardel oere in skat fine te kinnen. Mar, hja kinne net spylje sûnder libbensazem: de troch har opblaasde ballonnen om de middel, dy’t lekt prikt wurde troch in ûnbekend oantal spoeken.
Nei tsien jier hearre der in oantal tradysjes by it spul, lykas dat eltse Deinumer (dy’t oan/ yn it spulgebied wenje) harren bûtendoarlampen útdocht, alle strjittelantearns dôve wurde en op de iisbaanspeakers nuvere lûden it doarp yn roppen wurde. It ferwachte oantal dielnimmende bern sil 110 wêze.
Folwoeksenedysje
Op freed 5 oktober sil der in spesjale folwoeksenedysje hâlden wurde. Hjirre kin elts dy’t âlder is as 16 jier op syk nei de moardner fan in lyk. It lyk wurdt oantroffen nei de jiermerke fan it Hertogdom Steria. Op ‘e nij sitte der fiif koppels yn it doarp, dy’t frjemd genôch allegearre wat mei inoar te meitsje hawwe. Nei it sukses fan de ôfrûne jierren, it oantal dielnimmers en meiwurkers is fan 40 nei 140 gien, waar de rop fan in âlderenedysje grutter. Sy sille strúkrôvers yn ‘e smiezen hâlde moatte, dy’t djoere hints ferkeapje wolle oan de folwoeksen dielnimmers. Dit spul hat de namme meikrigen: ‘Het raadsel rond het mysterieus medaillon’.
De tiden binne:
freed 5 oktober, ‘Het raadsel rond het mysterieus medaillon’ 22.15 o/m 24.00 oere
sneon 6 oktober, 10e Mysteryspel, 20. 15 o/m 22.30 oere
Op beide jûnen kinne hja meidwaan oan in folwoeksen en it ‘normale’ jeugdspul wêr’t hja mysterieuske figuren opsykje moatte yn de smelle stritsjes en steegjes fan it terpdoarp. Foardat hja it einde helje, binne de dielnimmers hoeden foar gemiene spoeken…..
Nei tsien jier hearre der in oantal tradysjes by it spul, lykas dat eltse Deinumer (dy’t oan/ yn it spulgebied wenje) harren bûtendoarlampen útdocht, alle strjittelantearns dôve wurde en op de iisbaanspeakers nuvere lûden it doarp yn roppen wurde. It ferwachte oantal dielnimmende bern sil 110 wêze.
Folwoeksenedysje
Op freed 5 oktober sil der in spesjale folwoeksenedysje hâlden wurde. Hjirre kin elts dy’t âlder is as 16 jier op syk nei de moardner fan in lyk. It lyk wurdt oantroffen nei de jiermerke fan it Hertogdom Steria. Op ‘e nij sitte der fiif koppels yn it doarp, dy’t frjemd genôch allegearre wat mei inoar te meitsje hawwe. Nei it sukses fan de ôfrûne jierren, it oantal dielnimmers en meiwurkers is fan 40 nei 140 gien, waar de rop fan in âlderenedysje grutter. Sy sille strúkrôvers yn ‘e smiezen hâlde moatte, dy’t djoere hints ferkeapje wolle oan de folwoeksen dielnimmers. Dit spul hat de namme meikrigen: ‘Het raadsel rond het mysterieus medaillon’.
De tiden binne:
freed 5 oktober, ‘Het raadsel rond het mysterieus medaillon’ 22.15 o/m 24.00 oere
sneon 6 oktober, 10e Mysteryspel, 20. 15 o/m 22.30 oere
Reacties
Een reactie posten