"Reitsje dyn búk oan, ast lêst hast fan senuwen" hear ik opiens Miranda fan de Omrop wer sizzen. ûnder in boulampe fan 1000 watt, sa tinkt myn kollega studint journalistyk, stiet in tafel mei twa stuollen én in kanne mei wetter. Op ien stoel sit Hans Smolders, de âld sjauffeur fan Pim Fortuyn en gemeenteriedslid fan Tilburg. Twa kamera’s stean oan. En ik bin oan bar.
Wy binne mei de earstejiers groep, dy’t halvearre is sûnt septimber, oankaam by it tredde blok: It interview. No hawwe de dosinten Hans dus binnen helle, de meast bekende Tilburger. Krekt foar Adje, yn dizze ranglist. Hans is âld iishockeyer en hy sjocht der noch wol sportyf út, slank om in gesicht, gjin ekstra bagage rûn de middel. Hans is gjin politikus, sa seit hy: hy is eins ûndernimmer. Mar dochs, hy sit mei fiif sitten yn de ried.
Om beurten moasten wy Smolder befreegje en ik moast ek. Dosinte M. frege my foar it begjin noch: ”Waar ga jij het over hebben?" Oer de dea, sei ik.
Smolders hat nammentlik, yn elts gefal, twa kear yn in pistoaloop sjoen. En de beste man moast út de wei romme wurde. Dochs libbet hy noch. En just de dea, dy fan Pim, hat him oantrúnt om de polityk yn te gean. "Pim was geen racist."
No hat er in brief fan Balkenende hân en Smolders jouwt sels al oan dat Pim’s namme is suvere.
Ik hoech myn búk net oan te reitsjen, praat ôf dat ik ‘Hans’ sizze mei en begjin mar oer de kear dat hy foar syn eigen doar in man moette dy’t in gewear op him rjochte hie: Hans moast kappe mei de polityk.
Hans skrikt suver earst efkes mar liket syn politieke ferhaal wer ôfdraaie te kinnen, oer de te djoere tegels yn in parkearkelder, it Adje-theater fan 7,5 miljoen en frauduleuze PvdA-boargemaster. Ik wol witte wannear syn misje folbrocht is.
Wannear kin de bêste man tevreden mei pensioen gean. Mar, sa blykt yn de neibeskôging, troch mar troch te freegjen of de fraach te werheljen, krige ik it folgende boppe wetter.
No is hy gjin politikus, mar hy sjocht der oars wol út om ‘aan de knoppen te zitten’.
Om dernei te sizzen: "Als iemand mij kan opvolgen, dan kan ik met een gerust hart afscheid nemen".
De heechmoedigens dy’t hy ferachtet, liket sels op him fan tapassing te wêzen.
As sa dosinte M. seit: "Dat is de kracht van de herhaling"

Reacties
Een reactie posten