Bertebewiis maaitiid: Ljipaai fûn!



It earste Fryske ljipaai is wer fûn. Dit kear yn ‘e krite fan Hitsum. Spitich dat er lju binne dy’t, fral bûten de Fryske tradysje om, sizze dat dit ‘dierenmishandeling’ is. It is fansels hip om hjoed de dei te roppen dat bisten leie ûnder minskelike gedraging.

De tradysje fan it ljipaai sykjen begjin mei it sykjen en dernei mei de neisoarch. Dat wol sizze: elts dy’t earst siket, pleatst letter (nei de slútingsdatum fan dat sykjen)  nêstbeskermers sadat boeren mei de ‘earste snee’ om de aaien hinne maaie kinne. It heart by inoar en kin sadwaande net loskeppel wurde.

A fare deal, soe ik sizze.

In sterke, earlike tradysje omdat de neisoarch folle langer troch rint as it sykjen. Nee, jin moatte hast perfoarst Frysk wêze om dit begripen. Spitich.

Reacties