De swiere betonnen lizzers wêr’t ik op stean trilje lichtsjes. Myn earen soezje troch it lawaai om my hinne en myn hier is seldsem wiet troch in oprjochte freugde eksploasje mei bier. Hoe is sa'n jûn yn it Nieuw Noordfak?
Sa’n 30 meter ûnder my steane ûnder oare Sulejmani, Bradley, Beerens en Breuer op it fjild mei de hannen en koppen yn inoar doken. It is 4-3.
Fûsten stekke boppe de menigte út en om my hinne dûnsje sa’n 600 minsken op ‘e wize fan ‘Dans je hele nacht met mij…’ De orkaan fan gelûd fan it Nieuw Noordfak hat faaks dat lêste setsje jûn, om de ploech op foarsprong te helpen tsjin it Limburgse Roda JC. Mar it fak begong dizze jûn rêstich.
At de spilers foar it earst dizze jûn it fjild op rinnen komme, stiet der Putkapel al klear. Jorrit: "Geert Jan-domkop stiet der ek by". Doelend op Bernleffer Geert Jan dy’t trompet spylje mei op it hillige gêrs fan it Abe Lenstra Stadion (ALS). "Wêrom hiet hy domkop?" freegje ik. "Wit ik net."
De supporters om my hinne stean, sa’n 25 000 oaren sitte. Dit is in sfearfak dus wy stean en raze. As sjonge ferskes lykas: "Wij zijn de super, superfriezen en wij zijn voor niemand bang". Ik stean tusken in tal âld fernieningsmaten én efter in jongen dy’t feskrikkelik op Feiko H. liket. De jonge komt út Lemmer en hat altyd in maat by him. Krekt hat hy útlein hoe’t it ALS ferbouwd wurde moat as it WK fuotbal yn 2018 nei Nederlân komt. Troch de Grinzers wurdt hy altyd Feiko neamd omdat syn echte namme (noch) ûnbekind bleaun is. It Frysk folksliet wurdt ynsetten, de Putkapel blaast en Thaeke neist my, hâldt syn Hearrenfeansjaal mei twa hannen strak boppe syn holle. Ik soch dat der in lyts gatsje, ûnder syn oksels fan de gebreiden Fryslântrui sit.
Klaas en Klaas binne der net. Egbert wol, mei freonen út Engwierrum en omjouwing. Sy helje bier. Ik hoech gjin bier, sadat Egbert konstatearret, mei it fuortbliuwen fan de Klazen, dat it in goedkeape jûn wurdt. Jorrit murket droech op: "Dan kinne wy ek yn mear drinke". Wêrnei ik fêst berekkenjend sjoch, want hy moat gnize. "Dat makket dan ek net mear út", is myn logyske konkluzje. Noch mear gnizerij.
Thaeke is stil. Dat sil grif mei it fuotbaljen te meitsjen ha, Roda skoart dan samar. Hy set wol twa ferskes yn dy’t oer arbiter Braamhaar gean, mar dy slaan net oan. Roda J.C. stiet mei it skoft 1-3 foar. "In donderpreek fan Verbeek" mient Thaeke te ferwachtsjen. Omdat it kâld is, lûke wy mei syn allen nei de omloop, ûnder it steanfak. Foar my jouwt in man fan rûn de fjirtich en mei in wâldsk aksint tillefoanysk in analyse fan de foarste 45 minuten. "Trije kânsen, trije goals! GVD! It binne allegeare kut swarten. Gvd." Mei Jelle G. en Jelmer wurdt der in wat gebrûksfreonliker beskôging útparst.
Drekt nei it skoft skopt Paolo Henrique er ien yn. Wyld wol hy it feest by ús kornerflagge fiere oant oanfierder Dingsdag him der wei hellet. It stiet no 2-3. Op ‘Noord’ rûke wie bloed. De hysterearyske massa sjongt de wize fan ‘Sjeng, oan de geng’.
"En mei die biergoaierij moatte sy ek me ophâlde" fine de twa jongens út Engwierrum e.o. It begjint te snijen. Twa minuten letter falt der wer in Frysk doelpunt. Op ‘e nij is der Frysk karnaval op ‘e tribune en helje de twa foar my it bier op ‘e nij út it hier. Dan 4-3. Thaeke merkt logysk op: "It reint net goals, it snijt goals". Mei in 4-3 foarsprong bliuwt it noch 20 minuten spannend. Mar de skiedsrjochter hawwe wy hjoed mei.
Thaeke: "We winnen ook wel met Braamhaar, we winnen ook wel met Bráámhaar". It Hearrenfean wint en fak giet xfat syn dak. In kertier letter skalt der, mei in leech rinnend stadion, Abba’s ‘The Winner Takes It All’ út de boksen. Yn de Funplaza, it supportershonk, spilet de Putkapel ‘La Bamba’.
Meer op de clubwebsite
Sa’n 30 meter ûnder my steane ûnder oare Sulejmani, Bradley, Beerens en Breuer op it fjild mei de hannen en koppen yn inoar doken. It is 4-3.
Fûsten stekke boppe de menigte út en om my hinne dûnsje sa’n 600 minsken op ‘e wize fan ‘Dans je hele nacht met mij…’ De orkaan fan gelûd fan it Nieuw Noordfak hat faaks dat lêste setsje jûn, om de ploech op foarsprong te helpen tsjin it Limburgse Roda JC. Mar it fak begong dizze jûn rêstich.
At de spilers foar it earst dizze jûn it fjild op rinnen komme, stiet der Putkapel al klear. Jorrit: "Geert Jan-domkop stiet der ek by". Doelend op Bernleffer Geert Jan dy’t trompet spylje mei op it hillige gêrs fan it Abe Lenstra Stadion (ALS). "Wêrom hiet hy domkop?" freegje ik. "Wit ik net."
De supporters om my hinne stean, sa’n 25 000 oaren sitte. Dit is in sfearfak dus wy stean en raze. As sjonge ferskes lykas: "Wij zijn de super, superfriezen en wij zijn voor niemand bang". Ik stean tusken in tal âld fernieningsmaten én efter in jongen dy’t feskrikkelik op Feiko H. liket. De jonge komt út Lemmer en hat altyd in maat by him. Krekt hat hy útlein hoe’t it ALS ferbouwd wurde moat as it WK fuotbal yn 2018 nei Nederlân komt. Troch de Grinzers wurdt hy altyd Feiko neamd omdat syn echte namme (noch) ûnbekind bleaun is. It Frysk folksliet wurdt ynsetten, de Putkapel blaast en Thaeke neist my, hâldt syn Hearrenfeansjaal mei twa hannen strak boppe syn holle. Ik soch dat der in lyts gatsje, ûnder syn oksels fan de gebreiden Fryslântrui sit.
Thaeke is stil. Dat sil grif mei it fuotbaljen te meitsjen ha, Roda skoart dan samar. Hy set wol twa ferskes yn dy’t oer arbiter Braamhaar gean, mar dy slaan net oan. Roda J.C. stiet mei it skoft 1-3 foar. "In donderpreek fan Verbeek" mient Thaeke te ferwachtsjen. Omdat it kâld is, lûke wy mei syn allen nei de omloop, ûnder it steanfak. Foar my jouwt in man fan rûn de fjirtich en mei in wâldsk aksint tillefoanysk in analyse fan de foarste 45 minuten. "Trije kânsen, trije goals! GVD! It binne allegeare kut swarten. Gvd." Mei Jelle G. en Jelmer wurdt der in wat gebrûksfreonliker beskôging útparst.
"En mei die biergoaierij moatte sy ek me ophâlde" fine de twa jongens út Engwierrum e.o. It begjint te snijen. Twa minuten letter falt der wer in Frysk doelpunt. Op ‘e nij is der Frysk karnaval op ‘e tribune en helje de twa foar my it bier op ‘e nij út it hier. Dan 4-3. Thaeke merkt logysk op: "It reint net goals, it snijt goals". Mei in 4-3 foarsprong bliuwt it noch 20 minuten spannend. Mar de skiedsrjochter hawwe wy hjoed mei.
Thaeke: "We winnen ook wel met Braamhaar, we winnen ook wel met Bráámhaar". It Hearrenfean wint en fak giet xfat syn dak. In kertier letter skalt der, mei in leech rinnend stadion, Abba’s ‘The Winner Takes It All’ út de boksen. Yn de Funplaza, it supportershonk, spilet de Putkapel ‘La Bamba’.
Meer op de clubwebsite
Reacties
Een reactie posten