Eetcafé Jonker Sikke yn Jellum hat in ferbouwing hân. It smûke restaurantsje, anneks doarpskroech, koe dat maklik brûke: it sit der altyd fol.
En Grietje en ik moasten dit besjen. Mar eins wie de date, justerjûn, ek wer in wersjen. In sneintejûnsesje yn Jonker Sikke betsjut fral byprate. It ytkafe stiet stiif tsjinoan it smelle mar drokke dykje troch in streekdoarp hinne, foarby de tsjerke. At it yn de wintermoannen bûten tsjuster is, sit it oan de brânhouten tafels en stuollen, ja yndie, gesellich. Ik wie thús, G. yn Jorwert en Jellum is der dan midden yn.
It gie al rap oer de film ‘As it is in heaven’. Ik koe de film, wist fan de hype yn it filmhús yn Ljouwert (de film bliuwt besikers lûken) en fan de ‘triennenmominten’. Anneke van Rensen fan it filmhús: "Natuurlijk, het is een mooie, warme en heel humanistische film, maar dit succes blijf ik verbijsterend vinden."
En dus bin ik d’r tsjin. Ha it net sa op hypes. Mar lykas Harry Potter en Lord Of The Rings, koe ik ek net ûnder dizze film út: ik seach him sneintemiddei.
De film giet oer in útbluste súksesdirigint, dy’t werom giet nei syn bertedoarp. It tema soe wêze kinne: ‘Iepen dyn hert’. Wêrst dan krekt oplette moast, is in hiel nij ûnderwerp fan gesprek.
Myn mem hie my al bypraat: der is in Fryske ferzje fan it ‘haadliet’ tegearre mei muzykkorps ‘De Bazuin’ opnaam. Grietje wit dat it Iepenloftspul fan Jorwert dizze simmer in bewurking spilet fan de film. Dat mei it ferhaal fan Van Rensen: "De film is enorm populair onder leden van Friese koren, ze komen allemaal langs. Er zijn er al die nummers uit de film in fonetisch Zweeds op hun repertoire hebben staan."
Wurdt de film dochs hast al in klassieker yn Fryslân. Dus dochs mar efkes sykje nei dit Fryske liet.
Gabriella’s songFanôf no is it libben fan my
foar de tiid dy’t ik krige op ierde
en myn langstme hat my hjir brocht
wat ik it mis en wat ik krige
Dochs is dit de wei dy’t ik kies
myn fertrouwen grutter as wurden
dat liet mei in lyts stikje sjen
fan de himel dy’t ik nea woe
Ik wol fiele dat ik libje
alle tiid dy’t ik ha
sil ik libje eltse dei
ik wol fiele dat ik libje
witte dat ik wêze mei
Lit my sels altiid wol ferstean
dy gedachten liet ik mar sliepe
miskien hie ik wol gjin oare kar
as de krêft om te bestean
Ik wol libje, lokkich wêze
wa’t ik bin
as in sterke frije frou
no’t de dei riist út de dei
hjirre bin ik
en myn libben is fan my
en de himel dy’t ik nea fûn
is my no yn it libben jûn
Ik wol fiele dat ik libje mei.
Dat liet wurdt songen troch Gezina en mei har hat Fryslân wer in gouden kieltsje derby. Grutte kâs dat sy faak te hearren wêze sil by de Omrop.
En Grietje en ik moasten dit besjen. Mar eins wie de date, justerjûn, ek wer in wersjen. In sneintejûnsesje yn Jonker Sikke betsjut fral byprate. It ytkafe stiet stiif tsjinoan it smelle mar drokke dykje troch in streekdoarp hinne, foarby de tsjerke. At it yn de wintermoannen bûten tsjuster is, sit it oan de brânhouten tafels en stuollen, ja yndie, gesellich. Ik wie thús, G. yn Jorwert en Jellum is der dan midden yn.
It gie al rap oer de film ‘As it is in heaven’. Ik koe de film, wist fan de hype yn it filmhús yn Ljouwert (de film bliuwt besikers lûken) en fan de ‘triennenmominten’. Anneke van Rensen fan it filmhús: "Natuurlijk, het is een mooie, warme en heel humanistische film, maar dit succes blijf ik verbijsterend vinden."
En dus bin ik d’r tsjin. Ha it net sa op hypes. Mar lykas Harry Potter en Lord Of The Rings, koe ik ek net ûnder dizze film út: ik seach him sneintemiddei.
De film giet oer in útbluste súksesdirigint, dy’t werom giet nei syn bertedoarp. It tema soe wêze kinne: ‘Iepen dyn hert’. Wêrst dan krekt oplette moast, is in hiel nij ûnderwerp fan gesprek.
Wurdt de film dochs hast al in klassieker yn Fryslân. Dus dochs mar efkes sykje nei dit Fryske liet.
Gabriella’s songFanôf no is it libben fan my
foar de tiid dy’t ik krige op ierde
en myn langstme hat my hjir brocht
wat ik it mis en wat ik krige
Dochs is dit de wei dy’t ik kies
myn fertrouwen grutter as wurden
dat liet mei in lyts stikje sjen
fan de himel dy’t ik nea woe
Ik wol fiele dat ik libje
alle tiid dy’t ik ha
sil ik libje eltse dei
ik wol fiele dat ik libje
witte dat ik wêze mei
Lit my sels altiid wol ferstean
dy gedachten liet ik mar sliepe
miskien hie ik wol gjin oare kar
as de krêft om te bestean
Ik wol libje, lokkich wêze
wa’t ik bin
as in sterke frije frou
no’t de dei riist út de dei
hjirre bin ik
en myn libben is fan my
en de himel dy’t ik nea fûn
is my no yn it libben jûn
Ik wol fiele dat ik libje mei.
Dat liet wurdt songen troch Gezina en mei har hat Fryslân wer in gouden kieltsje derby. Grutte kâs dat sy faak te hearren wêze sil by de Omrop.
Reacties
Een reactie posten