Yn de krochten fan de Grinzer studintewrâld spile ôfrûne sneon in coverbandsje. By Bernlef wie it DIES, it jierfeest. En sa at de tradysje wol steane der op de sneon, of te wol de twadde dei fan dit 83ste jierdeisfeest, in soad âldeden op de altyd te lytse dûnsflier te dûnsjen as it libben der fan ôfhinget.
"Grins, jimme binne geweldich!" ropt de sanger fan de nep-rockband. De artyst, mei snor en matsje yn de nekke, grypt nei syn bier dat oan syn mikrofoanstanderd past. Harren twadde blokje mei ûnder oare nûmers fan ACDC en de Rolling Stones sit der op. Efter de bar meitsje de taapers yn dit skoft harren klear foar in mega oanfraach oan drank en de muzykkompjûter wurdt oansetten.
Kees v.d. L. stiet neist my. Wy drinke bier en oereidzje de band. "Neat mis mei" fyn ik. Op it lytse poadium steane ynmiddels trije Bernleffers sebearre efter de mikrofoan fan de band LUV nei te dwaan. Dernei skalt YMCA út de boksen. En hja dogge de indiaan nei.
At de stoere sanger, mei matsje, efkes letter it poadium wer beklimt giet Kees neist him stean. De muzykkompjûter giet út en de artyst, dy’t it wâldskaksint hat, lústert nei Kees. De (âld)leden wachtsje op it lêste blokje rocknûmers en sjogge de twa stean.
De drummer tikket op syn snaredrum. De gitaar giet troch de foarman syn hannen en ik sjoch him neitinken. Kees stapt fan it opstapke en de snordrager meldt troch de mikrofoan: "No krij ik ik in fersyk om de Bellamy Brothers te spyljen. Nee, hahahaha, dat is muzyk foar op de bank. Mei de freondinne." Hy skoddet syn holle en set guon akkoarden yn.
Ik krij medelijen mei v.d. L. en ferwachtsje in pruillip.
Mar neat is minder wier. Kees tsjin my: "Dy man âllet. Hy praat der mar wat yn om, hy kin it nûmer net iens spylje". En der soe hy bêst wolris gelyk yn hawwe kinne.
"Grins, jimme binne geweldich!" ropt de sanger fan de nep-rockband. De artyst, mei snor en matsje yn de nekke, grypt nei syn bier dat oan syn mikrofoanstanderd past. Harren twadde blokje mei ûnder oare nûmers fan ACDC en de Rolling Stones sit der op. Efter de bar meitsje de taapers yn dit skoft harren klear foar in mega oanfraach oan drank en de muzykkompjûter wurdt oansetten.
Kees v.d. L. stiet neist my. Wy drinke bier en oereidzje de band. "Neat mis mei" fyn ik. Op it lytse poadium steane ynmiddels trije Bernleffers sebearre efter de mikrofoan fan de band LUV nei te dwaan. Dernei skalt YMCA út de boksen. En hja dogge de indiaan nei.
At de stoere sanger, mei matsje, efkes letter it poadium wer beklimt giet Kees neist him stean. De muzykkompjûter giet út en de artyst, dy’t it wâldskaksint hat, lústert nei Kees. De (âld)leden wachtsje op it lêste blokje rocknûmers en sjogge de twa stean.
Ik krij medelijen mei v.d. L. en ferwachtsje in pruillip.
Mar neat is minder wier. Kees tsjin my: "Dy man âllet. Hy praat der mar wat yn om, hy kin it nûmer net iens spylje". En der soe hy bêst wolris gelyk yn hawwe kinne.
Reacties
Een reactie posten