Die Twa by de Omrop



"Sportredaksje Omrop Fryslân mei DGH" sa nim ik de tillefoan gauris op. It is noch wol wat wennen. Net it opnimmen fan de tillefoan, mar de earste wurden troch de hoarn. Einliks ha ik ek in job wêr't in bedriuwskantine is sadat ik moarns gjin humeur krij fan it smaren fan de stikken bôle. Earlik sein moat ik no ek in rydbewiis helje. Ik ferwiis hjirre ek al nei yn it ynfobulletin, wêr’t net ik allinne, mar ek Martha har foarsteld.

Bysûnder, die twa by de Omrop sy stelle harren foar yn it de digitale bedriuwsnijsbrief:
"Doe bin ik fuort ûnder twang fan freonen fan myn broer lid wurden fan studinteferiening FFJ Bernlef; oars krige ik klappen.  By Bernlef haw ik in fantastyske tiid hân, in soad kommisjewurk dien en dêrneist studearje ik wat rjochten. Yn it wykeen stie ik achter de bar yn de Ponderosa te Dokkum."

en:

"Myn goede foarnimmens foar dit jier? Myn rekord op de heale maraton ferbetterje, autorydlessen nimme en in kaartsje bemachtigje foar in U2-konsert dizze simmer. Wat net elts wit is dat ik eins in foarleafde ha foar piratemuzyk en stiekem nei Austraalje emigrearje wol. Mar dat bliuwt tusken ús, liket my."

Reacties