Kafee ‘De Doelebar’ yn Ljouwert is in kroech dy’t op de Unescolist stean moat. It is in drankhok fan hege wearde. Wêr oars praat de barman Frysk en is it tegeltsjesynterieur yn jierren net feroare?
Fansels, ik ha ek in swak foar de man efter de bar mei syn lange Bryan May-krullen, syn sweefbakjeoptriuwerhimd en fansels dy sulveren hûneketting dy’t hy hat. No hat dat dizze leafde ek wat te krijen mei de ynfloedskringen wxear’t ik yn sit. Denkt u aan Kees v.d. L. en Martha R. Hja klieme wat oan de gedachte dat sy sels sa’n kafee hawwe…
Okay, BZN as The Cats draaie de mannen efter de bar net (froulju soene neffens de tapers gjin oerwicht hawwe) en fersykplaten draait de bêste meiwurker ek net. Tink oan Toto, Dire Straits, Bon Jovi en ast gelok hast, Piter Wilkens. Ik wie freed yn de Doele en kaam it folgjende fenomeen fan dit tanklokaal tsjin (Hier koelt een Mueller melkkoeltank-boerd’ hinget er ek fansels).
It Heavy Metal rytsje. No Young!

Reacties
Een reactie posten