Tiidleas

It liket wol as der gjin juster is. En gjin moarn. Ik libje al in skoftke allinnich hjoed. Sa’n blog toant myn swarte gat, mar it deart my neat. It is bysûnder dat it allegearre neat sa folle útmakket. Dat de kij wer rûnom bûten rinne, dat skoalbern wer bûten gymnastykje…. ik sjoch it wol,as stean der tusken yn.



Mar dat eltse dei al wer de sinne skynt, de terrassen fol sitte, ferbaast my neat. Wylst de winter noch mar krekt ôfrûn is.

Ik ha in hús kocht. sc Hearrenfean stiet yn de bekerfinale. Ik ha my net hâen oan de 40 dagen sûnder alkohol. Tidens de DIES wie ús bestjoer foltallich oanwêzich. Ik wurkje sa wat eltse dei en soe net witte welke moanne it is. Soe der in wurd wêze foar dit tiidleaze gefoel?

Reacties