Se binne hjir op alles klear

Kriist 2010 kaam it wer ter sprake. Theke (Buorfrou Eke, dy't fanôf it momint dat ik prate koe 'Theke' neamd wurdt) moast mar ris yn in fleantúch. “Allinich, do moast yn sa'n frjemde stêd mei dyn grutte fuotten net te hurd rinne, ik wol dy net kwyt reitsje.” Dat koe tasein wurde. Foar it earst yn in fleantúch. En dan ek noch nei Londen.


De earste dei “Jopie, syn sipels en de Polderbaan”
freed 29 juli 2011

Om kertier oer fiifen hiene wy ôfpraat. “Ik kom wol by jimme oan.”
En sa wie it ek. Theke rint it grindpaad op. “Ik seach earst noch gjin ljocht baarnen, mar no wol.”
Alles klear?  “Ja, alles klear”
Ynze brocht ús nei it treinstasjon yn Ljouwert, omdat de earste trein rjochting Skiphol dêr om 5.45 oere wei riidt. Fanút Deinum koene wy noch net sa betiid op ‘e trein. Op it perron yn Ljouwert moat de kondukteur earst in pear reizigers de trein útsette. It is de freedtemoarn, nei de tongersdeitenacht, de stapjûn foar it soad jongerein en de trije dy’t derútfiske wurde, moatte har by de plysje melde.
Omdat Sjouke nachttsjinst hat, bellet dy noch efkes. Wy ride dan al foarby Meppel.
Yn Amersfoort stappe wy oer en komt der in ferhaal fan lang ferlyn.
“Theunis en ik wiene beide mei de trein fuort en doe moasten wy op Amersfoort oerstappe. It wie der sa drok. Dat ik al yn de trein stapte, mar Theun noch kofje helle en doe de trein miste.” En doe opiens:
“Ik moat it adres fan it hotel wol ha, at ik dy kwyt bin yn de metro.”

Kriist 2010 kaam it wer ter sprake. Theke moast mar ris yn in fleantúch.
“Allinich, do moast yn sa'n frjemde stêd mei dyn grutte fuotten net te hurd rinne, ik wol dy net kwyt reitsje.”
Dat koe tasein wurde.
Op Skiphol checke wy rap yn, wy kinne sa by Starbucks noch royaal kofje drinke. Hânbagaazje kontrôle. De twa Extranfleskes, fan de CCF, koene net mei. Altearst, ien fleske moast fuortgoait wurde. In oare, dat yn de jas siet, gie gewoan mei oan board. Doe troch de gate en stapten wy fan de grûn, fia in trep, it fleantúch yn. En wylst in Ingelske dame fan Easyjet útleit wat der bart at der sprake is fan in ramp, ride wy op de Polderbaan lâns boulân. De senioare: “Ús Jopie hat de sipels ek al spoten.”

Opstiigjen en flucht ferinne prima. In soad wolken boppe de Noardsee. “Wat giet it eins langsem.”
Om 10.00 oere pleatselike tiid ride wy mei in bus fan fleanfjild Stansted nei Liverpool Street, Londen. Ûnderweis komme wy it Olympysk Stadion tsjin, dat yn 2012 sintraal stiet. Op it busstation keapje wy in Oysterkaart, in soarte fan OV-chipkaart. Wy kinne no yn it iepenbier ferkear, oeral yn en út. Nei in metrorit, komme wy oan op Baywatersroad, dêr’t it hotel is. Fanwege de wurgens, sliepe wy in oerke.



De middeis bedarje wy yn it British Museum, dêr kinst fergees yn.
Der is in grutte hal, mei in bysûnder dak. Omdat wy net alles besjen kinne, startte wy by de Egyptenaren. Dan rinne wy lâns grutte stiennen en heale timpels út Persië en sjogge wy noch Griekse fazen. Wy slúte ôf mei Australyske keunst en Afrikaanske houtsnedes en tapijten.
Wy ha dan net alles besjoen, mar wol in soad. Bûten it British Musem wie in Australyske tún.
Yn it hotel sliepe wy op ‘e nij in oerke. It hotel stiet oan de râne fan Hyde Park. En efter ús leit in strjitte mei in soad restaurantsjes en pubs.
Hjirre ite wy jûns ek. Yn in Indonesysk kelderrestaurant, wêr’t wy safolle ite kinne at wy wolle, foar in skiplike pryske. Bysûnder wie it net, mar it wie bêst genôch.
It ein fan de earste dei yn Londen fiere wy yn ‘The Black Lion’, de pub om de hoeke. Wy drinke in ‘klein afzakkertje’.

Dei twa “Bekomme yn St. James Park”
sneon 30 juli 2011


Om 8.30 oere sieten wy al oan it moarnsiten, dit wie in tige Ingelsk moarnsbrochje. Dat wol sizze: wite beannen yn tomate saus, bakte woarstjes, fjouwerkante bôle út de toaster (dy’t bakker Sybesma kasinobôle neamme soe) en bakt aai. Douwe Gerlof hat dit fansels probearre, earder ite hy dit Ingelske iten ek al yn Súd Afrika, Nij Seelân en Austraalje. Mar om dat Theke noch earder mei it fleantúch west wie, waard dit net iten. Sadwaande seach har moarnsbrochje der sa út: toast mei jam, sinaasappelsap en muesli en molke.
Om healwei tsienen stapten wy op in reade dûbeldekker, dy’t de hiele dei in grut rûntsje troch Londen riidt. Wy troffen prachtich waar. Omdat wy noch £ 5,- mear betellen, koene wy de oare deis ek noch mei. Spitich genôch hiene wy gjin sinnebrânspul mei, dat wy koene boppe op de Ingelske bus mar moai read wurde. It wie in hearlike rit.

In oerke letter stapten wy út om de ‘changing of the horseguards’ te sjen. Dit wie op in lyts pleintsje, omdat op it gewoane plein in Olympyske testwedstriid foar strânfoljebal hâlden waard.
Normaal begrypst dit net, mar takom simmer binne hjirre de Olympyske Spelen. En dizze wedstriden moate dan midden yn de stêd spile wurde.



De folgjende stop wie it Parliaments Square, wêr’t wy yn de Westminster Abbey west binne. Dit wie in hichte punt. De toer en tsjerke wiene heech en grut en mei in soad details.
It wie boppedat in hichtepunt omdat der sa’n soad te sjen wie. Yn april trouden Prins William en Kate hjirre. De Westminster Abbey is ek bysûnder omdat der in soad âlde adel bedobbe leinen. En Shakespeare.
Neidat Theke hast eltse grêfstien omdraaid hie yn dizze Nasjonale Katedraal, kochten wy in broadsje by de Subway dy’t wy opiten op ‘e stoep fan Scotland Yard.
Dernei fierder mei de reade dûbeldekker. Douwe Gerlof sette de Ingelske taal op de koptillefoan. Theke it Dútsk: “Ik wit noch dat yn de oarloch Dútske soldaten lâns stampten lâns de Hallumer Hoeke. Soks bliuwt jin dochs by. En letter bin ik mei in dokter en ús mem yn Dútslân west.”
By in drokke kleanwinkel fan it merk  ‘Abercombie & Fitch’ stie sa’n lange rij, dat wy besletten de oare deis lâns te gean. Út wurgens strutsen wy del yn Sint Jamespark, wêr’t lisstuollen leine. Wy ha in healoere in knyperke dien.

Fanút it park stapten wy sa ôf op Buckingham Palace. De flage stie der boppe op, dat betsjutte dat Queen Elizabeth II oanwêzich wie. Fansels makken wy dizze foto’s. Doe wachtte de boat noch, in trip mei de boat oer de rivier de Thames, omdat dit by ús buskaartsje paste. Al rinnende wei fan it paleis nei de boat troch in moai park, belle Geartsje noch op. It wie  wol in skoft rinnen, mar it wie in moaie tocht. Wy rûnen tichtby de Big Ben lâns en dêr ried in troud steltje foarby yn in koets mei hynders derfoar. Neidat wy in rit mei de boat wachtten, stapten wy op de foalgende boat. It waard in moai tochtsje, ûnder ferskate brêgen lâns.

Krekt foar London Bridge stapten wy út. Mei de grutte dûbeldekker kamen wy wer by ús metrostasjon. Spitich moasten wy hjirre 123 treden stappe, omdat de lift it net die. No koe dit sjoen wurde as in work out, in ekstra training. Mar ek as in ekstra oanslach op de kondysje nei sa’n dei toffeljen troch de haadstêd fan it Feriene Keninkryk. It waard it lêste, dat sadwaande waard der yn it hotel (dat tichtby it metrostasjon stiet) wer in knipperke dien.



"Ik hie him altyd goed fêst. Aanst slaan dy doaren ticht en bin ik him kwyt yn de metro"

Om 19.30 oere pakten wy de metro op ‘e nij (lokkich die de lift it!) en bedarren wy in Soho, it útgeansdistrikt. Litte wy earlik wêze: it wie sneontejûn! Foar it iten diene wy noch in lytse buorrel yn in tige Ingelsk kafee. Hjirre makken wy freonen mei in jongen út Zimbabwe en in Griekse freondinne. Doe hiene wy wol nocht oan wat iten. Oan de oerkant seagen wy in gaadlik yttintsje. Dêr ha wy hearlik genoaten fan Lasagne yn dit Italiaanske restaurant.

It wie sneontejûn, en dat betsjut dat Piccadily Circus, in soart fan plein mei in enoarm stânbield yn it midden mei in fontein, drok is mei ferskate minsken dy’t dêr sitte. En treedden dêr artysten op. Wy makken noch in slach troch China Town, wêr’t it rûn 23.00 oere in drokke boel wie. Sa stiene der ek in soad jiskepûden. Theke: "Ik hie dat allang fuort helle." Lang makken wy ús der net drok om: yn in souvenierwinkel rûnen wy noch efkes nei binnen, kochten wat kaarten mar fûnen dat dizze dei moai genôch west wie. Wy pakten de metro nei it hotel. Wy wiene sa wurdich dat Douwe Gerlof drekt sliepe woe, mar Theke moast earst har fuotten ûnder kâld wetter skjin spiele. Normaal is dat net sa’n probleem, mar no siet der in kakkerlak yn de douche. Fan sliepen kaam earst neat, omdat it hotelpersoaniel lâns komme moast. Dat barde, mar doe wie de kakkerlak al dea. Dêrnei waard it in rêstich nacht yn dat hotel neist it Hyde Park.

Dei trije: “In konsert yn de Royal Albert Hall”
snein 31 juli 2011


Dat wy al om njoggen oere oan it moarnsiten sieten nei sa’n drokke sneon, dat wie wol bysûnder. Dat Theke gjin bakte aaien mei spek ite, wie al net sa’n wûnder mear.

Dizze snein wie it op it nij prachtich sinneskyn waar en fan in minne simmer yn Fryslân baalden wy hielendal net mear. Wy stutsen de strjitte tsjinoer it hostel oer, it park yn. Kensington Gardens
De ‘gardens’ heare by Kensingston Palace dêr’t eartiidsk Lady Di ynwenne, mar it is no it hús fan William en Kate. Wy strúnden troch in part fan de paleistúnen, fifers mei palmbeamen en lâns de oranzjery: de kas dêr’t winterdeis de planten opbergen wurde.
Efter it park leit Royal Albert Hall, in histoarysk teater yn in rûne foarm en hielendal fan reade bakstienen, mei in geweldich dak derop. De âlde Keninginne Victoria (1819-1901) liet it foar har man, Albert, bouwe. At dat gjin leafde is! Doe’t de âlde Albert stoar (1861) liet se ek noch in gigantysk stânbield bouwe wêr’t wy efkes by stil stiene.
Om 11.30 oere namen wy in rûnlieding troch it teater en omdat wy noch efkes wachtsje moasten, pakten wy in bankje yn it park en fernuveren wy ús oan in skouspul fan plysjes op hynders en learlingen dy’t skateles krigen.
Wy krigen yn it teater in prachtige rûnlieding en wy kamen sels noch efkes te sitten yn de Keninklike lôge. Spitich genôch mochten wy gjin foto's meitsje.
Nei de besite stapten wy wer yn de fergeze bus, om in moaie slach troch Londen te meitsjen. It aardige is datst nei in pear kear, gebouwen en strjitten herkenst.
 “Hjirre hast ommers al dyn planten oan de muorre, ferrek!”
Mei de bus kamen wy ek lâns Baker Street, de strjitte dy't bekend wurden is fan de ferhalen fan
Sherlock Holmes.

Yn Oxford Street stapten wy út en kuierden wy nei de Abercombie winkel, wêr’t der mar in pear fan op ‘e wrâld binne. Douwe Gerlof woe hjirre graach sjen.
Der stie sa betiid, om 13.30 oere, noch gjin rij lykas juster. Wy ha in lyts oerke troch de grutte winkel rûn en in t-shirt kocht. Dizze winkel leit har klean yn kasten yn allegearre fakjes, as wiene it juwelen en docht de lampen út en spuit fleugjes parfum yn de kleanshop.
Sneintemiddei is rommelmerke middei. Mei de metro bedarren wy dit kear by Camden Markets, in strjitte mei allegearre kreamkes. Der waarden fral t-shirts útstald. Sa no en dan elektrysk guod. Theke: “Ik hie wat mear antyk ferwachte.”




Rinnende lâns it wetter ferwachtsje net sa’n soad einekroas yn Venetië, mar de Londenaren jouwe hjirre neat om: sy stekke harren fuotten op dizze moaie middei gewoan yn it griene wetter.
Wy dronken ijstee op in terras oan it wetter, genietsjend fan alle frije Ingelsken dy’t hjirre omstapten.
Tidens de trip hie Douwe Gerlof in oantal ‘hichtepunten’útsocht. Hy hie sels noch fia Twitter frege: “Wie heeft een aantal tips voor een bezoek aan Londen met een 70-jarige?” Mar op dizze snein kaam ek Theke mei in idee: “Ik wol wol graach in konsert besykje yn de Royal Albert Hall, wêr’t wy de moarns west wiene." En dat koe.
De BBC hat yn de simmer in tal fan klassike konserten dy’t sy útsjoere, mar tagelyk tagongskaarten beskikber stelle tsjin in lyts pryske. Sa kin de man fan de strjitte ek ris nei in klassyk konsert.
Wy kochten foar £ 7,50 in kaartsje foar in konsert mei muzyk fan Rachminov. Omdat wy krekt wat te let wienen, moasten wy wachtsje. Wy seagen dêrom it earste part fan de ballustrade. Dêrnei koene wy sitte. Twa Poalske famkes sieten neist ús en dêr hawwe wy noch efkes leuk mei praat.
Nei it konsert rûnen wy troch it park werom en iten wy noch in pizza op de Queensway, de drokke strjitte neist ús hotel. Jûns foar de spegel yn de bad keamer: “Wat binne wy brún wurden!”

Dei 4 “Se binne hjirre op alles klear”
moandei 1 augustus 2011


De lêste dei. Wy ite wer betider, al om 8.30 oere. Toast en jam wurde lekker opiten. Douwe Gerlof freget nochris nei de klacht oer de kakkerlak. Soks kin fansels net. Yn de breakfastromte is it net al te drok, mar binne der hjoed ek ris oare Nederlanders.
Wy hawwe ús tassen ynpakt, Theke in romme hântas, DG hat alle oare bagaazje yn in rolkoffer. Fannemiddei fleane wy werom nei Skiphol.

Op it programma stiet noch: ‘Notting Hill’ de Londense wyk dêr’t op de Portobello Road in soad merkekreamkes binne. Net mei t-shirts en goedkeape elektroanika, mar wat lúkser. Dêr is ek in bekinde film op naam. Ús earste bakje kofje drinke wy dan ek yn it hert fan de wyk Notting Hill, guon merkemannen bouwe hun stands op.
Wy keapje bananen. It is in rêstich begjin fan de dei , wêrop Eke Tine jierdei is, dêrom bellet Theke efkes fan út “Portabele rood’.
Op it ein fan de strjitte is in metrostasjon, wêr’t wy de ‘Tube’ (Ingelsk foar metro) pakke nei stasjon Knightbridge. Hjirre is Harrods, de grutste (en djoerste) winkel fan Ingelân. De eigner is Mohamed Al Fayed, de heit fan Dodi dy’t wer de freon wie fan Prinses Diana. Yn Harrods mochten wy net nei binnen mei ús tassen, lokkich wie der in spesjale romte wêr’t dit opslein wurde koe. “Se binne hjirre op alles klear” neffes Theke.




Wy koene maklik de hiele dei omstappe yn dit warenhús. Mar wy keazen foar de biste ôfdieling wêr’t tige djoer húsbiste guod te keap wie. Meiwurkers föhden hûnen.
Op de folgjende ôfdieling wie it antyk. Hjirre gie Theke op in stoel sitten fan £ 14.000. It wie in moaie antike stoel, mei lear. “It kessen glidet my fan de kont ôf.” De stoel waard net kocht.....

Ta ein beslút besochten wy op 1 augustus de krystôfdieling. Yn Harrods is it eltse dei Kryst.
11.00 oere. De ambysjes binne heech, noch efkes de sinneblommen fan Van Gogh besjen yn de Nasjonale Gallerij. Dit museum is, lykas in soad oare yn Ingelân, fergees. Wy hiene net in soad tiid, dus wiene wy sa klear. Ek it ferneamd skilderij fan Monet, de Wetterlelys hingje hjirre. Foto’s meitsje mocht net, mar dat is stiekem dochs slagge.....




It ein fan dizze fjouwer dagen kaam yn sicht. Dat betsjutte dat wy ús iepenbierferfierkaart ynleverje moasten en de bus nei it fleantúch. Hjirre rekke Douwe Gerlof yn de war, wy stiene by it ferkearde busstasjon, foar de bus nei fleanfljild Londen Stansted. Sadwaande rap de metro pakt nei it goede opstapplak: Liverpool Street. Hjir fertrekt ek in trein nei it fleanfjild. Dizze pakten wy en wy kamen krekt op tiid. Nei in prachtige flucht (Theke siet by it raam) kamen wy wer oan op Skiphol. Nei it treinritsje wêr tidens it hiele wykein oereidzje waard, stie op it stasjon fan Ljouwert Sjouke te wachtsjen.

Reacties