“Een erg geslaagde avond. Opnieuw een record. Het was erg spannend.” Samar wat kreten dy’t elts jier yn de Klaver Trije fan novimber foarby komme yn it ferslach fan it Mysteryspel. Fansels wurde de winners neamd en elts tank sein dy’t dit Deinumer nachtspul sa súksesfol meitsje. Mar, wat betsjut dat eins: fjirtjin jier Mysteryspel?
Jo hawwe dat faaks begjin oktober wol sjoen, in boerd by de earste drompel ‘aanstaande zaterdag Mysterypel’. Foar âlders betsjut dat in wike lang drokke bern om ‘e teannen, foar Ineke Seegers fan de organisaasje in pear wiken groepkes oan de doar dy’t harre opjaan wolle. Foar bewenners oan de Sint Janswei en de strjitsjes der binnen yn, betsjut dat fakkeltsjes en glêzen potsjes garje. Tidens it nachtspul meitsje dizze ljochtsjes in mystearje fan tjustere túnen. Tel der by op dat de measte lantearnen fertjustere binne en dat de muzykboksen op iisbaan en sportfjilden griezelêftige muzyk ôfspylje. Om 21.00 ferskine dan in soad mysterieuske figuren yn it doarp en is Deinum, efkes Deinum net mear….
Eins it Mysteryspel bassearre op bloederige tienerfilms mei de namme ‘Scream’. Dizze trilogy út de jierren ’90 is net sa sear it foarbyld foar it spul mei de rigels, mar wol foar de spoeken dy’t de bern harren ballonnen lek prikke. De maskers fan de spoeken binne it selde as moardners út de films. Hoe bloederich en akelich ek, wy ha der (frjemd genôch) nea in opmerking oer hân….
Faaks hat it te krijen dat wy altiid der by fertelle dat de spoeken folwoeksen Deinumers binne, dy’t bygelyks dyn heit, suske as buorman wêze kinne. Dat makket it Mysteryspul fansels wer in stikje geheimsinniger. Nei de Scream-films kamen der ein jierren njoggentich in soad griezelferhalen foar jongerein út. Te tinken falt oan de Harry Potterboeken, de boeken oer de Griezelbus, Dolfje Weerwolfje en films lykas ‘The Lord of the Rings’. By de start fjirtjin jier lyn, wie de jeugd thús mei mysterieuze ferhalen en enge figuren.
Omdat jongerein âlder wurdt en âld-dielnimmers ek enthousiaste frijwilligers wurde, sjogge dizze ek wolris werom op harren tiid. Faak wurdt dit romantisearre: “wy fleanen froeger troch de boskjes hinne” as “at wy foelen, geane wy drekt wer stean.” Feit bliuwt wol dat der yn de rin fan de tiid (folle) mear bern meidogge. Yn 2011 wiene it der 170 tsjin de 35 yn 1998, dat sadwaande bart der ek wol ris wat mear. Dielname oan it Mysteryspel is op eigen risiko, mar dat betsjut net dat wy neat dogge oan in skram as in bloedende finger at der ien fallen is. Wat wy net dogge is de bern thús bringe at se it te eng fine. En dat bern ôfheakje, is wol in nije ûntwikkeling, de ôfrûne jierren.
Wat faak net yn it ferslach stiet, is dat nei ôfrin eltse frijwilliger noch in skoft neipraat ûnder it genot fan in hapke en drankje. Der falt dan sa’n soad te fertellen en elts hat syn eigen ferhaal. Yn oardel oere tiid krijt in ‘torenwachter’ lang net altiid mei wat de ‘kommedanten’ belibje. En is it foar in fjoerkoerpear lang net altyd dúdlik wa’t spoek wie, as ien fan de ‘Witte Wieven’. En it docht bliken dat elts, mei in eigen eftergrûn, hielendal opgien is yn it nachtspul. Soks is like prachtich as de belibbenissen fan de bern, in pear oeren earder. In pear jier lyn wie der in sels in Deinumer dy’t syn snor foar it earst yn jierren ôfskearde foar in spesjale rol yn it Mysteryspel.
De organisaasje fan Jolanda Vogelsang, Ineke Seegers, Diana en Johan Oelen komt krekt foar de simmerfakânsje byinoar en wol der elts jier wer in eigen draai oan jaan. Trochdat wy aardich op inoar ynspile binne, kin der in soad yn in koart skoft tiid.
En dat is fansels wol bysûnder, in lytse organisaasje mei sa’n 40 (âld) Deinumers dy’t frijwillich én mei in soad wille, yn it spier binne foar de mienskip. Sûnder dat der in djoer eveneminteburo foar ynskeakele wurdt, as in ambtner dy’t dit yn it ramt fan Jeugdwerk en Welzijn dwaan moat. Deinum draget al fjirtjin jier sels it Mysteryspel. Yn in tiid fan krisis en krapte is dat rykdom. Takom jier de fyftjinde kear. Der sil dan op ‘e freedtejûn op ‘e nij in folwoeksen edysje wêze.
Op persoanlike titel.

Reacties
Een reactie posten