Sneon 7 july wie ik derby. By In see fan lân, it iepenloftspul stik fan Snakkerbuorren dit jier. De belofte song al foar de première út. Snakkerbuorren hat fan in lyts - mar bysûnder ! - doarpsnijtsje in hiel stik makke. Oer in ûnmogelijke leafde fan in (âldere) Amsterdamse kroecheigneresse en in jonge Fryske boeresoan.
Lokaasje: de doarpstún, en wa't dêr noch net earder west is: hiel smûk. Op de sneontejûn binne de fjoerkuorren en is der catering ûnder de beamen yn it wat lange gers. Minsken ha der nocht oan.
"It lân is net fan ús. It is Gods ierde. Wy meie der allinne mar efkes op kuierje. En der dan yn lizze."
Nei goed twa oeren stean wy wer foar de jarresilo. En heare wy de stim fan it famke wêr't Sjoerd eins mei gean moast.
Sjoch hjir 'In see fan lân':
Yntrolied: Believe - Mumford & Sons.
Foto: Iepenloftspul Snakkerbuorren |
Fanôf it begjin, mei in monolooch fan haadrolspiler Sjoerd en de muzyk fan de band (Believe - Mumford & Sons) is it raak. De setting is in jarresilo yn Iowa.
Wy sjogge Sjoerd mei gasmasker foar de silo stean en heare as voice over:
"In see fan lân en net in wâl te sjen, in wyn dy’t wachtet mei waaien, in fjoer dat wachtet op ‘e wyn. ierde dy’t wachtet om iepen te gean, Simone wêr bist?
Wêr moat ik hinne? Wa’t ik wie ha ik ferlern, en sy is by my weigien, stoarm stek op, fjoer barn, lân iepenje dy, nim my op en lit my gean. wa’t ik wie ha ik ferlern"
En Sjoerd moat de silo op. Mar de komt in 'hurricane' oan. De opkommende stoarm fan Iowa is tagelyk de stoarm dy’t yn Sjoerd plakfynt. Hoe at syn klim nei de top fan mestsilo ôfrint is noch net wis. Derfoar moat earst is ferhaal ferteld wurde en de stoarm opbouwe.
It stik is flot, grappich en grypt oan. Fansels, it giet oer de frjemde dame yn Frysk doarp.
Dan falle jo op. En dat is net de bedoeling. Yn in agraryske omjouwing wêr't it trochsetten fan de tradysje it wichtichst is. Wat oars is, is in bedriging."It lân is net fan ús. It is Gods ierde. Wy meie der allinne mar efkes op kuierje. En der dan yn lizze."
Nei goed twa oeren stean wy wer foar de jarresilo. En heare wy de stim fan it famke wêr't Sjoerd eins mei gean moast.
"Wêr’t it begûn wit ik net mear, it wie oft it der altyd wie, do wiest der en ik wie deren dat wie alles dat der wie, alles wie nij alles foar it earstEfterôf begreep ik dat de ynspiraasjeboarne der dizze jûn ek wie, tsjoege it stik dat in pear dagen letter yn de LC stie. Hjirûnder de foto fan de Amsterdamske Lieke Bömer. Lieke wennet noch yn it bewuste doarp (Westhim). Wylst yn it stik 'Simone' fuort giet.
no stiesto dêr en ik stean hjir, beide oan in oare kant. no stiet de tiid in hiele dei lang stil. stiket de klok, tikket, slacht, skoot en skaaft de kloken skuort myn dei yn einleas lytse flarden. mar ik wit seker
alles begjint opnij"
Foto: LC (Niels Westra) |
Foto: Iepenloftspul Snakkerbuorren |
Komplimenten foar Hans Brans dy't it stik skreau en Wouter Daane foar de perfekte rezjy!
Sjoch hjir 'In see fan lân':
Reacties
Een reactie posten