Jan de Vries fan Ouwesyl is miskien wol Fryslâns bêste songwriter. Jan is lid fan de Bildtse band The Feetwarmers. En makke solo in cd 'Sieleroersels'. Dizze ha ik yn de auto yn de cd-spiler en ik lústerje 'm faak. Fanwege de herindelingsferkiezingen fan 22 novimber is NPO Radio 1 op 't Bildt.
De streek as gemeente ferdwynt, wurdt Waadhoeke, mar de kultuer libbet as nea te foaren. Jan wie yn de útsjoering en song, nei de tiid, noch it folseine liet 'It Bildt'. It kaam op de webside fan NPO Radio 1 en om it net kwyt te reitsjen: hjirby de folseine ferzje. Einefel!

Reacties
Een reactie posten