Wekker skrikke út de Eurofyzje-dream

Conchita Wurst op it poadium fan De Harmonie, novimber 2018.
Foto Marcel van Kammen

Dreame mei wer. Nederlân wûn sûnt 1975 wer in Eurofyzje Songfestival. Ik wie tidens de finale yn it Expo Centre fan Tel Aviv. Myn earste songfestival. In dûbele dream dy’t útkaam!

Mar der binne mear dreamers. ,,Ljouwert-Fryslân moat it songfestival organisearje.” Dat is in fantastyske dream dy’t wy serieus nimme moatte. Want, seit wethâlder Sjoerd Feitsma (PvdA) fan Ljouwert: ,,It is gjin grap.” Ik lit dat dus troch my hinne gean.

16 maaie 2020. ,,Hello Leeuwarden, this is Baku calling. Here are the results from Azerbaijan…” Ljouwert ûntfangt tûzenen Eurofyzjefans. Parse, bloggers, alles wat mei popmuzyk te meitsjen hat is yn Fryslân. Yn it WTC Expo giet it dak derôf. Yn de greenroom sit Rihanna noch út te blazen fan har pauze-act. Elts makket him of har op foar de lêste Europarty yn Club Red. Ik lit dat nochris troch my hinne gean. Mar skrik wekker. Dit kin hielendal net!

Yn Israël wiene 5000 diehard fans. Sa’n trije kwart wie LHTB. Gjin probleem fansels, mar is Ljouwert-Fryslân in goede gasthear fan de Champions League foar homo’s? In provinsje wêr’t jonge gay’s rap ferhúzje nei Grins of Amsterdam, omdat Fryslân no net bepaald in bloeiende LHTB-community hat. Sa is Club Extra as de lêste oerbleaune rôze disko yn Ljouwert al in skoft sletten, stroffelet de Fryske polityk oer de titel – wol as net – ‘regenboogprovinsje’ en as der dan ris in Eurofyzje-stjer komt, is it beskamsum hoefolle oanwêzige Friezen troch it optreden hinne prate. Lês Asing Walthaus (4 novimber 2018, LC ) syn stik oer Conchita Wurst yn steds-skouboarch De Harmonie der mar op nei.

Mar, sa is de redenaasje fan de nominaasje: wy Friezen kinne dit. Sjoch mar nei LF2018, The Passion en it Glazen Huis. En it leveret sinten op, as neilittenskip fan Kulturele Haadstêd. De goed 200 miljoen tillefyzjesjoggers fan dit sa út en troch sirkuseftige túchhynder wolle de magy fan Eurofyzje yn Nederlân op ’e nij belibje yn Leeuwarden, Holland. In doelgroep dy’t in skril kontrast foarmet mei de earder dit foarjier útsprutsen winsk om in kulturele kwaliteitstoerist te lûken. Wa’t de lêste ynstjoering fan San Marino noch yn it gehoar hat (Say NaNaNa ) wit: dreame is moai, wekker wurde ek.

Deselde politike partijen dy’t net romhertich de status regenboogprovinsje takenne, sizze no ynvestearje te wollen. Graach ynvestearje, mar dan yn diversiteit en emansipaasje. Romte foar in útsûndering.

Pleatst yn de LC op 25 maaie 2019

Reacties